Derk Gerard Willem Spitzen
Derk Gerard Willem Spitzen | ||
politikus | ||
Derk Spitzen yn 1948 | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 1896 | |
berteplak | Wageningen | |
stjerdatum | 1957 | |
stjerplak | De Haach | |
partij | partijleas | |
minister fan Ferkear en Wettersteat | ||
regear | Kabinet-Drees-van Schaik | |
amtsperioade | 1948 - 1951 | |
foargonger | J.R.H. van Schaik | |
opfolger | H.H. Wemmers |
Derk Gerard Willem Spitzen (Wageningen, 18 maart 1896 - De Haach, 26 jannewaris 1957) wie in Nederlânsk politikus en topamtner.
Derk Spitzen wie de soan fan de Grinslanner dichter en skriuwer Geert Spitzen (Geert Teis Pzn.) en Jantina Elsina Brouwer. Spitzen gie nei it gymnasium yn De Haach en studearre dêrnei fan 1915 ôf rjochten oan de Ryksuniversiteit Leien,
Hy hie in lange amtlike karriêre, ûnder mear by Binnenlânske Saken. Hy wie sekretaris-generaal fan Ferkear en Wettersteat. Yn de Twadde Wrâldoarloch krige er dien fan de Dútsers om reden fan it wegerjen fan gearwurking mei de besetter. Hy woe bygelyks gjin maatregels nimme tsjin de amtners dy't meidiene oan de april-maaiestakingen fan 1943.
Yn 1948 waard Spitzen minister yn it kabinet-Drees-Van Schaik. Spitzen wie, meidat er parijleas wie, wat 'hendikept' yn politike debatten. It slagge him wol wettelike regelingen foar it persoaneferfier mei de auto(bus) en foar de ferhâlding fan de Steat mei de KLM ta stân te bringen. Hy wie in artistyk bejeftige minister (en betûft pianist), dy't him better thús fielde yn de anonimiteit fan de amtlike wrâld as yn de polityk. Hy waard troch in protte keamerleden wurdearre fanwegen syn fakkennis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Derk Gerard Willem Spitzen fan Wikimedia Commons. |