Der Passfälscher

Ut Wikipedy
Der Passfälsscher
film
makkers
regisseur Maggie Peren
produsint Alexander Dumreicher-Ivanceanu
Alexander Fritzemeyer
Dietrich Kluge
Martin Kosok

Jutta Lieck-Klenke
Bady Minck

senario Maggie Peren
spilers
haadrollen Louis Hofmann
skaaimerken
lân/lannen Dútslân
  Lúksemboarch
premiêre Berlyn, 13 febrewaris 2022
sjenre oarlochsfilm; drama; biografy
taal Dútsk
spyltiid 116 minuten

Der Passfälscher (Ingelske titel: The Forger) is in Dútsk-Lúksemboarchske dramafilm út 2022. De film waard regisearre troch Maggie Peren. It is in filmbiografy oer de grafikus Samson Schönhaus (bekend as Cioma Schönhaus), dy't yn 'e Twadde Wrâldkriich as joad yllegaal yn Berlyn wenne en dêr paspoarten ferfalske.

Ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cioma Schönhaus wennet yn Berlyn fan 1942 yn it grutte appartemint fan syn heit en mem, dy't earder al nei it easten deportearre binne. Ynearsten wennet er dêr allinne, dêrnei mei syn maat Det. Cioma lit him net fan 'e nasjonaalsosjalisten yntimidearje, hy jout him gewoan ûnder de minsken en dat liket him ek de bêste manier om 'ûnder te dûken'. Sa siket er mei syn maat as marineofsieren it nachtlibben, dêr't hja nammen en ferhalen brûke dy't hja út de oarloch opfandele ha. Cioma leart dêr ek Gerda kinnen, dêr't er fereale op wurdt.

Cioma wurket yn in fabryk dêr't wapens makke wurde, sadat er frijsteld is om tsjinst oan it front te dwaan. Hy hat foar de oarloch in grafyske oplieding hân en op in dei freget de abbekaat Kaufmann him om idintiteitspapieren nei te meitsjen foar minsken, dy't út Dútslân flechtsje wolle. Mei allinne wat inket, papier en in pinsiel, mar in fêste hân makket er papieren, dêr't er bonnen foar iten foar werom kriget.

It hûs fan syn âlden, dat no eigendom fan it Ryk is, wurdt op in dei fersegele om sa tefoarren te kommen dat der meubilêr ferdwynt. Cioma ferwideret it segel en makket in nepsegel klear foar it gefal der ynspeksje plakfynt. Det en hy begjinne sels it meubilêr te ferkeapjen, mar frou Peters, de widdo fan 'e konsjerzje fan 'e portyk,wurdt nijsgjirrich en kriget yn 'e rekken wat der geande is. Hja docht it útstel om de ferkeap fan 'e hearen oer te nimmen, ûnder it betingst dat hja it appartemint út moatte as alles ferkocht is. Cioma giet dêrmei akkoard.

Nei't Cioma al in skoft net mear foar Kaufmann ferfalske hat en hy syn wurk op 'e wapenfabryk kwyt rekket om't er faak te let op it wurk kaam en ek de bonnen foar it iten opreitsje, begjint er him hielendal te wijen oan de ferfalsking fan dokuminten. Yn in leechsteande saak begjint er tegearre mei in Ludwig Lichtwitz in printerij. Mei de sinten dy't er fan frou Peters krige foar it meubilêr fan syn heit en mem keapje Det en Cioma in lyts appartemint. Cioma neamt himsels no Peter Schönhausen, in amtner dy't oan in geheim projekt wurket.

Syn drystmoedigens soarget der hieltiten wer foar dat er him út drege sitewaasjes wit te rêden, mar de autoriteiten witte yntusken dat er al 300 paspoarten makke hat.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme Rol
Louis Hofmann Cioma Schönhaus
Jonathan Berlin Det Kassriel
Nina Gummich Frou Peters
André Jung Dietrich
Luna Wedler Gerda
Marc Limpach Kaufmann

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnames fan 'e film fûnen fan 18 jannewaris oant 2 maart 2021 yn Dútslân en Lúksemboarch plak.

Premjêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De film gie op 13 febrewaris 2002 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn yn premjêre.

Prizen/nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2022: Nominaasje Bernhard-Wicki-Preis
  • 2022: Nominaasje Vukovar Film Festival (Maggie Peren)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]