Filmfestival fan Denver

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Denver Film Society)
Filmfestival fan Denver
Denver Film Festival
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Kolorado
county Denver County
plak Denver
tiid fan it jier novimber
bysûnderheden
ôfkoarting DFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1978 – no
org. troch Denver Film Society
offisjele webside
www.denverfilm.org/

It Filmfestival fan Denver (Ingelsk: Denver Film Festival), ôfkoarte ta DFF, is in filmfestival dat elts jier yn novimber holden wurdt yn 'e Amerikaanske stêd Denver, yn 'e steat Kolorado. It evenemint waard foar de earste organisearre yn 1978. De organisaasje is tsjintwurdich yn 'e hannen fan 'e Denver Film Society. Op it Filmfestival fan Denver wurdt oandacht bestege oan sawol lange as koarte films, sawol ferheljende films as dokumintêres en sawol live action- as tekenfilms en sels oan fideoklips.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste edysje fan it Filmfestival fan Denver waard holden op 4 maaie 1978 en omfette films as Annie Hall en Close Encounters of the Third Kind. It evenemint wie betocht troch Peter Warren, dy't doe heechlearaar wiskunde wie oan 'e Universiteit fan Denver, en Irene Clurman, in filmkritika foar de krante Rocky Mountain News. Mei't doe de Old Centre-bioskoop, dy't letter dat jiers sloopt waard, mei 1.200 belangstellenden hielendal fol siet, waard besletten om der in jierliks barren fan it meitsjen.

Oant 2012 waarden de filmfertoanings foar it meastepart holden yn 'e Tivoli Union-bioskoop op 'e Auraria-kampus. Sûnt draaie de measte films yn it Anna and John J. Sie FilmCenter, wylst premiêres holden wurde yn it Buell Theatre en it Ellie Caulkins Opera House, beide yn it Denver Performing Arts Complex. De organisaasje is no yn 'e hannen fan 'e Denver Film Society, wylst it filmfestival sponsore wurdt troch it tillefyzjenetwurk Starz.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende prizen wurde ferjûn op it Filmfestival fan Denver:

  • Krzysztof Kieślowski Award foar Bêste Ferheljende Lange Film
  • Amerikaanske Unôfhinklike Priis foar Bêste Ferheljende Lange Film
  • Publykspriis foar Bêste Ferheljende Lange Film
  • John Cassavetes Award foar Bêste Akeur
  • Maysles Brothers Award foar Bêste Lange Dokumintêre
  • Publykspriis foar Lange Dokumintêre
  • Publykspriis foar Bêste Fideoklip
  • Publykspriis foar Bêste Koarte Film
  • Marilyn Marsh Saint-Veltri Award foar Bêste Koarte Animaasjefilm troch Studinten
  • The Liberty Global International Student Filmmaker Award
  • Short Screenplay Award
  • Rare Pearl Award
  • Earfolle Fermelding troch de sjuery

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.