Deltakommisje (1953)
De Deltakommisje wie in steatskommisje dy 't op 18 febrewaris 1953 ynsteld waard troch minister fan Ferkear en Wettersteat Jacob Algera nei de wettersneedramp fan 1953, dy 't grutte stikken fan benammen Seelân en Súd-Hollân ûnder wetter sette en benei twatûzen slachtoffers makke.
Dy kommisje fan deskundigen moast de minister advisearje hokker maatregels needsaaklik wiene om in folgjende wettersneedramp foar te kommen. Trije dagen letter waard de kommisje ynstallearre en gie oan it wurk.
De kommisje bestie út 14 deskundigen: 12 yngenieurs, in lânboukundich yngenieur en de ekonoom Jan Tinbergen. Foarsitter waard de direkteur-generaal fan Rykswettersteat yr. August Godfried Maris. Sekretaris wie Johan van Veen, oant syn ferstjerren op 9-12-1959, yngenieur by Rykswettersteat dy 't al earder stúdzjes fan it deltagebiet makke hie. Neist harren hiene sitting:
- yr. G.P. (Johan) Nijhoff (sivyl yngenieur, riedsadviseur fan it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat; oant syn ferstjerren op 4-2-1956)
- dr.yr. Victor Jean Pierre de Blocq van Kuffeler (sivyl yngenieur, âld direkteur-generaal fan de Tsjinst fan de Suderseewurken)
- prof.yr. Johannes Theodoor Thijsse (sivyl yngenieur, Heechlearaar oan de Technyske Hegeskoalle Delft)
- dr.yr. W.J.H. Harmsen (âld direkteur-generaal fan de Rykswettersteat; oant syn ferstjerren op 11-1-1954)
- prof.yr. P.Ph. Jansen (Heechlearaar oan de Technyske Hegeskoalle Delft)
- yr. R. VerLoren van Themaat (direkteur fan yngenieursburo Van Hasselt & De Koning)
- yr. J.W. de Vries (haadyngenieur-direkteur yn de direksje Benedenrivieren fan de Rykswettersteat)
- yr. L.T. van der Wal (âld direkteur-haadyngenieur fan de Provinsjale Wettersteat yn Súd-Hollân)
Dêrnei waard de gearstalling in pear kear feroare. Beneamd binne noch:
- ir.Johannes Aleidis Ringers (sivyl yngenieur, âld direkteur-generaal fan de Rykswettersteat en âld minister fan Iepenbiere wurken; sûnt 21-2-1953)
- Constantijn Leopold Carel van Kretschmar van Veen (sivyl yngenieur, direkteur fan de Hollandse Aannemingsmaatschappij; sûnt 1-5-1953)
- dr. yr. Ferdinand Pieter Mesu (lânboudeskundige, âld direkteur fan de Kultuertechnyske tsjinst; sûnt 2-3-1954)
- prof.dr. J. Tinbergen (ekonoom, heechlearaar oan de Nederlânske Ekonomyske Hegeskoalle Rotterdam; sûnt 2-3-1954)
Yn maaie 1953 kaam de kommisje mei syn earste advys: ôfsluten fan de Hollandse IJssel mei in stoarmfloedkearing, mooglik troch it jierrenlange foarwurk fan Johan van Veen.[1] Dêrnei advisearre de kommisje ta ôfsluting fan de Oosterschelde, de Grevelingen en it Haringvliet. It fjirde advys omfieme de útfiering fan it 'Trije Eilannenplan': it ferbinen fan Walcheren, Noard- en Súd-Bevelân troch it ôfdamjen fan it Veerse Gat en de Zandkreek. Ek stelde de kommisje foar om de besteande seewarrings te ferheegjen oant in bepaalde hichte, deltahichte neamd. It einrapport fan de Deltakommisje waard ein 1960 publisearre.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|