Deensk
Deensk | ||
algemien | ||
eigen namme | dansk | |
lânseigen yn | Denemark, Farøer Eilannen, Grienlân, Dútslân | |
tal sprekkers | 5.500.000 | |
skrift | it Latynske alfabet mei Æ, Ø, Å, sûnder W | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Noardgermaansk - Eastskandinavysk - Deensk | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | da | |
ISO 639-2 | dan | |
ISO 639-3 | dan |
It Deensk (dansk) is in Noardgermaanske taal mei likernôch 5.5 miljoen sprekkers. It is de taal fan hast alle Denen en de ienige offisjele taal fan Denemark. Op de Faeröer, Grienlân en yn it noarden fan Sleeswyk-Holstein wenje Deensktalige minderheden.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skifting tusken de Noardgermaanske talen, de Westgermaanske talen is bard om de tiid fan it Grutte Folkeferfarren hinne. Dêr't de Westgermaanske dialekten al gau útwaaiden yn hieltiten slimmer ûnderling te begripen talen, bleauwen Noardgermaanske talen lang yn ien taal by elkoar; dy taal wurdt it Aldnoarsk neamd. Binnen dat Aldnoarsk wie in dúdlike skieding te meitsjen tusken it Aldwestnoardsk en it Aldeastnoardsk. Ta de westlike groep hearden de foarrinners fan it Noarsk en Yslânsk; it lettere Deensk en it Sweedsk foarmen de eastlike groep. Yn de rin fan de iuwen groeiden de dialekten út ta de hjoeddeistige Skandinavyske skriuwtalen. De talen hawwe wol deselde ûntwikkeling trochmakke. As der in fernijing trochfierd waard yn it iene lân dan barde dat ek al gau yn it oare lân. Dêrom binne it Deensk, Noarsk en Sweedsk ûnderling noch goed te ferstean en is der sprake fan in dialektkontinuum. De skriuwwize fan it Bokmål, ien fan de beide Noarske skriuwtalen, stiet it tichstby de Deenske skriuwtaal.
Wylst it Nederdútsk in protte ynfloed hân hat op it Deensk, bestiet der hjoed-de-dei in hurde taalgrins mei it Dútsk/Nederdútsk.
Taalgebiet & status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Denemark binne der goed 5 miljoen minsken dy't it Deensk as memmetaal hawwe. Net formeel fêstlein is it Deensk de facto de amtstaal fan Denemark.
Yn Deenske minderheid yn Sleeswyk-Holstein beslacht sa'n 50.000 minsken. Dy groep is erkend as nasjonale minderheid en as taalminderheid. De measten wenje yn de bestjoerlike distrikten fan Flensboarch, Noardfryslân, Sleeswyk-Flensboarch en Rendsburg-Eckernförde. Neist de Deenske minderheid wenje der noch sa'n 6.000 Denen yn Sleeswyk-Holstein mei de Deenske nasjonaliteit. Der binne sa'n 50 Deensktalige skoallen (basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis) yn it noarden fan Sleeswyk-Holstein [1].
Op de Faeröer hat it Deensk, neist it Faeröersk, de status fan twadde amststaal[2]. Op skoallen is it Deensk in ferplicht skoalfak. Der wenje sa'n 1.500 Deensktaligen op de Faeröer eilannen [3]
Op Grienlân spilet it Deensk noch in rol yn it ûnderwiis en by de Deenske ymmigranten dy't der wenje. Yn 2009 ferlear it Deensk syn status as amtstaal, it Grienlânsk is sûnt dy tiid de iennichste amtstaal. Sa'n 12% fan de ynwenners fan Denemark is fan Deenske komôf [4], mar it is net krekt bekend hoe grut oft de folsleine Deensktalige populaasje is. Nei alle gedachten wenje de measte Deensktaligen yn it Grienlânske haadplak Nuuk/Godthåb. In grut diel fan de Grienlanner befolking brûkt it Deensk as lingua franca.
Sûnt 1990 leare bern op Yslân it Ingelsk as earste frjemde taal. It Deensk komt op it twadde plak mar is wol in ferplicht fak. Yn 1944 hat it Deensk op Yslân syn status as amtstaal ferlern.
It Deensk is ien fan de wurktalen fan de Europeeske Uny en de Noardske Ried.
Skriuwwize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Deensk wurdt skreaun mei it Latynske alfabet. Der binne trije tekens nei de z tafoege: : Æ/æ, Ø/ø en Å/å. Dizze tekens wurde sjoen as aparte letters. De letters q, w, x en z wurde hast net brûkt.
De grûnslach foar de Deenske stavering is it midsiuwske dialekt fan it eastlike Seelân. Dat wie doe it sintrale dialekt fan Denemarken omdat Skåne doe noch ûnderdiel wie fan it Deenske ryk. Hjoed-de-dei is it dialekt fan Kopenhagen de standert. Lykwols is de Deenske stavering frijwat konservatyf. Dat betsjut dat in protte lûden, dy't yn 'e rin fan de iuwen stom wurden binne, noch hieltyd skreaun wurde. Somlike letters binne om it prinsipe fan de analogy ynfierd, sûnder histoaryske grûnslach. Foarbylden dêrfan binne:
- De <h> foar <v> en <j> is inkeld noch yn it Noardjutske dialekt te hearren en is in oerbliuwsel fan it Aldnoarsk. Bygelyks hvid [viðˀ] (‚wyt‘; Aldnoarsk hvít), hjul [juːˀl] (‚tsjil‘; Aldeastnoarsk hjúl).
- De <d> yn kombinaasjes as <ld>, <nd> en <rd> lit sawol in histoaryske útspraak sjen as ek de tapassing fan it prinsipe fan de analogy. Bygelyks (etymolyske grûnslach) yn land [lænˀ] (‚lân‘; Aldnoarsk land), (analogysk ynfierd) yn fuld [fʊlˀ] (‚fol‘; Aldnoarsk fullr).
Dêrneist wurde net alle lûden yn it skriftbyld sichter:
- De delgeande koarte /e/ yn wurdsjes as fisk [fesg] (‚fisk‘) en til [te(l)] (‚ta‘)
- De delgeande koarte /o/ yn hugge [hogə] (‚haue, hakje‘), tung [toŋ] (‚lestich, swier‘)
Dialekten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Deensk hat in ridlik grutte dialektyske fariaasje; de dialekten ferdwine lykwols hieltiten mear ûnder ynfloed fan it Ryksdeensk. Der binne foaral dúdlike ferskillen tusken it Aldwestnoardske Jutlânsk en it Aldeastnoardske Eilân-Deensk. De Deenske standerttaal is basearre op it Eilân-Deensk. Foaral it dialekt fan it eilân Bornholm is oars as it Ryksdeensk. It is tige lieard oan it Skânsk, dat yn het súd-Sweedske Skâne praat wurdt. It Súd-Jutlânsk is beynfloede troch it Dútsk en it Noardfrysk.
Ynfloeden fan bûten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Dútsk hat in grutte ynfloed hân op it Deensk. Fanôf de lette midsiuwen (Hânze) oant yn de 19e iuw spile it Nederdútsk, troch hannel en geografyske ôfstân, in grutte rol yn Jutlân en op de Deenske eilannen. Sa bestiet der in grut part fan de Deenske wurdskat (25%) út Nederdútske lienwurden en lienoersettingen.[5] Dat makket it Deensklearen foar Dútskpraters ienfâldiger. Mei kennis fan it Dútsk is it alsa mooglik in protte begripen te rieden, as de Deensklearder wit op hokker wize dy lienoersettingen makke wurde. Yn it ferline hawwe it Nederlânsk en it Noard-Frysk (regionaal) in beheinde ynfloed op it Deensk hân. Fierders hat it Deensk in protte ynternasjonalismen (yn de ôfrûne desennia tanimmend Anglisismen).
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Teake Hoekema& V. Tams Jørgensen; Deensk-Frysk wurdboek mei in koarte Deenske foarmleare. Frisisk-Dansk ordbog med en kortfattet frisisk formlaere. Grins, Wolters-Noordhoff, 1968.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wurdlist Deensk-Frysk en Frysk-Deensk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Deenske ferzje. |