De With
De With (ek: Van Haersma de With) is in oarspronklik út Jutlân kommende famylje dêr't de leden fan sûnt 1841 ta de Nederlânske adel behearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stamrige begjint met Poul Christensen dy't tusken 1648 en 1673 wurdt. Syn soan Niels Poulsen True waard nei 1700 keapman yn Aarhus en trije soannen fan him giene yn tsjinst fan de Vereenigde Oostindische Compagnie, festigen harren dêrnei yn de Nederlannen en namen de namme De With oan. In efterbernsbern fan de stamheit, ritmaster Jan Minnema de With (1762-1820) boaske yn 1794 oan Catharina van Haersma (1764-1828) wêrnei't it neiteam him Van Haersma de With neame soe. By Keninklik Beslút fan 26 july 1841 waard in soan fan de lêste, mr. Daniel de Blocq van Haersma de With (1797-1857), ferheft yn de Nederlânske adel en mochten syn neisieten it predikaat jonkhear/jonkfrou fiere.
In broer fan Daniël waard net adele en waard de stamheit fan de net-adellike takke dy't yn 1911 yn it Nederlânsk Patrysjaat opnommen waard en dêr't fannijs opname folge yn 1933. De patrysjaatstakke is yn 1997 útstoarn.
Yn 2014 libben der noch twa manlike (aadlike) telgen: de chef de famille en syn soan.
Leden fan de famylje bewennen ûnder oare Haersmastate yn Bûtenpost, Salentein yn Nijkerk en Huis de Poll, mar wenje no allinne noch yn bûtenpleats De Berencamp ûnder Nijkerk.
Telgen (ûnfolslein)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jan Minnema de With (1762-1820), ritmaster, maire en skout fan Bûtenpost; boaske yn 1794 mei Catharina van Haersma (1764-1828)
- Jhr. mr. Daniel de Blocq van Haersma de With (1797-1857), ûnder oare boargemaster
- Jhr. mr. Jan Minnema van Haersma de With (1821-1889), grytman, letter boargemaster fan East-Dongeradiel en Ljouwerteradiel, lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
- Jhr. mr. Daniël de Blocq van Haersma de With (1850-1928), boargemaster
- Jhr. mr. Jan Hendrik van Haersma de With (1852-1900), kantonrjochter
- Jkfr. Anna Magdalena van Haersma de With (1877-1952), hofdame fan keninginne Wilhelmina; troude yn 1908 mei jhr. mr. dr. Albert Gerard Schimmelpenninck (1868-1956), diplomaat, keamerhear en waarnimmend grutmaster fan keninginne Emma, eksekuteur fan har neilittenskip
- Jhr. mr. Frederik Johan Constantijn Schimmelpenninck, hear fan Nijenbeek (1918-1991), universeel erfgenamt fan syn omke Jan Minnema van Haersma de With (1878-1965), en sadwaande fan de keunstsamling "De Poll"
- Jhr. dr. Jan Minnema van Haersma de With, hear fan de beide Pollen en Nijenbeek (1878-1965), diplomaat, tekeninge- en printsamler (samling "De Poll")
- Jhr. mr. Hendrik Maurits van Haersma de With, hear fan de Berencamp (1884-1945), ambassadeur, erfde fan syn omke Van Weede de Berencamp
- Jhr. Willem Hendrik Maurits van Haersma de With, hear van de Berencamp (1920-2003), eksaminator Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen
- Jhr. Hendrik Maurits Daniël van Haersma de With, hear fan de Berencamp (1951), rintmaster, bewenner fan De Berencamp, chef de famille
- Jhr. Jan Minnema van Haersma de With (1985), fermoedlike opfolger as chef de famille
- Jhr. Hendrik Maurits Daniël van Haersma de With, hear fan de Berencamp (1951), rintmaster, bewenner fan De Berencamp, chef de famille
- Jkfr. Inès Madeleine van Haersma de With (1921-2014); troude yn 1946 mei jhr. mr. Hendrik Lodewijk van der Wyck (1907-1986), ried Heech Militêr Gerjochtshof, direkteur fan de N.V. Vereeniging Klattensche Cultuur Mij., telch út it laach Van der Wyck; troude yn 1973 Don Livio Maria Giuseppe Gerolamo dei marchesi Theodoli, marchese di Sambuci (1908-1981), ambassadeur fan Italië yn Nederlân en lid fan de famylje Theodoli
- Jhr. Willem Hendrik Maurits van Haersma de With, hear van de Berencamp (1920-2003), eksaminator Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen
- Jkfr. Anna Magdalena van Haersma de With (1877-1952), hofdame fan keninginne Wilhelmina; troude yn 1908 mei jhr. mr. dr. Albert Gerard Schimmelpenninck (1868-1956), diplomaat, keamerhear en waarnimmend grutmaster fan keninginne Emma, eksekuteur fan har neilittenskip
- Jkfr. Volkertina Adriana van Haersma de With (1857-1916); troude yn 1878 mei jhr. mr. Willem Marcus van Weede, hear fan de Berencamp (1848-1925), minister, liet de Berencamp nei oan syn neef
- Jkfr. Anna Cornelia van Haersma de With (1864-1930); troude yn 1885 mei jhr. mr. Abraham Daniël Theodoor Gevers, hear fan Kethel en Spaland (1856-1896), boargemaster
- Jkfr. Sjoerdtje Wierdina van Haersma de With (1824-1866); troude yn 1853 mei mr. Johannes Galenus Willem Hendrik baron van Sytzama (1830-1907), boargemaster en rjochter
- Jkfr. Catharina van Haersma de With (1826-1885); boaske yn 1867 oan mr. Johannes Galenus Willem Hendrik baron van Sytzama (1830-1907), boargemaster en rjochter
- Jhr. Volkert Adrianus Heringa van Haersma de With (1831-1909), boargemaster
- Jhr. mr. Jan Minnema van Haersma de With (1821-1889), grytman, letter boargemaster fan East-Dongeradiel en Ljouwerteradiel, lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
- Cornelis Martinus van Haersma de With (1799-1869)
- Johanna Maria van Haersma de With (1823-1869); troude yn 1852 mei mr. Epeus Manger Cats (1822-1896), boargemaster
- Mr. Jan Minnema van Haersma de With (1825-1904), jurist, lid gemeenteried en wethâlder fan Ljouwert
- Anna Frederica van Haersma de With (1856-1922); troude yn 1871 mei Epeus Anne Reinoud Lichtenvoort Cats (1848-1897), boargemaster
- Cornelis Martinus van Haersma de With (1858-1888)
- Jan Minnema van Haersma de With (1883-1952), bankdirekteur
- Johanna Catharina Aurelia van Haersma de With (1910-1997), lêste telch fan de patrysjaatstakke
- Mr. Arent Cornelis Livius van Haersma de With (1915-1988), lêste manlike telch fan de patrysjaatstakke
- Jan Minnema van Haersma de With (1883-1952), bankdirekteur
- Gerrit Nicolaas van Haersma de With (1863-1901), boargemaster
- Maria de With (1803-1878); troude yn 1823 mei mr. Wiardus Willem Buma (1802-1873), stamâlden fan de takke Van Haersma Buma fan it laach Buma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|