Springe nei ynhâld

De Undernimming (Wytmarsum)

Ut Wikipedy
De Undernimming
mûne / mole
lokaasje
provinsje flagge fan Fryslân Fryslân
plak Wytmarsum
koördinaten 53° 5' NB, 5° 28' EL
bysûnderheden
funksje Nôt- en pelmole
flecht 19,00 m
oare ynformaasje
eigner Stifting Behâld Monuminten yn 'e gemeente Súdwest Fryslân
Webside
Hiemside stifting
Kaart
De Undernimming (Fryslân)
De Undernimming

De Undernimming is in nôt- en pelmole yn it doarp Wytmarsum yn de gemeente Súdwest Fryslân. Eigner is de Stifting ta Behâld Monuminten yn 'e gemeente Súdwest Fryslân.

De Undernimming is in mealreeë stellingmole en waard yn 1850 boud, nei alle gedachten troch molemakker Van der Meer út Harns. De mole waard ein jierren 1960 yn ferfallen tastân troch de lêste eigner oan de doetiidske gemeente Wûnseradiel ferkocht, dy't him yn 1970/1971 restaurearje liet. Dat barde ek yn 1994.

Njonken de mole stie in wente dy't fanwegen brekfalligens yn 1973 ôfbrutsen waard, mar yn 1982 wer opboud is.

It is in houten achtkante stellingmole, mei reid dutsen op in houten ûnderbou dy't mei planken potdeksele is. De wjukken hawwe in flecht fan 19 m en beide roeden binne mei it Systeem Fauël mei remkleppen útrisd. De Undernimming hat de status fan ryksmonumint.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: