De Marswâl (mole)
| De Marswâl | ||
| lokaasje | ||
| gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Berchhuzerwei 1 | |
| koördinaten | 53° 8' 9" NB 005° 31' 30" EL | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | muonts | |
| funksje | poldermûne | |
| boujier | 1903/1978 | |
| oare ynformaasje | ||
| eigner | Stifting De Fryske Mole | |
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 39364 | |
| Webside | ||
| Molendatabase | ||
| Kaart | ||
De Marswâl is in mealreeë poldermole en ryksmonumint tichteby Lollum yn de gemeente Súdwest-Fryslân.
Mârswâl stiet likernôch in kilometer noardwestlik fan Lollum oan de Harnzerfeart. It is in houten achtkante mole, dekt mei reid, mei stiennen fjildmuorren. De mole waard yn 1903 boud foar it bemeallen fan de polder Rûgelollum as plakferfanger fan in út 1818 datearjende mole dy't it jier dêrfoar ôfbaarnd wie. By in stoarm yn 1969 of 1970 waarden it geflecht en de as fan de mole ferwoaste en rekke ek de kap swier skansearre. Yn 1977 waarden de resten fan Marswâl eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't de mole in jier letter wer opbouwe liet. Dêrby krige de mole in âldhollânsk wjuksysteem. By in restauraasje yn 1994 waard dat wer ferfongen troch de oarspronklike selsswichting.
Troch it Wetterskip Fryslân waard Marswâl yn 2006 oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.
De mole is op ôfspraak te besichtigjen.