De Kei

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Kei wie in wetterskip yn Fryslân fan 1914 oant 1969. It wetterskip mei in oerflakte fan 647 hektare lei doe't it oprjochte waard yn de gemeenten Gaasterlân en Hemelumer Oldephaert en Noordwolde.

Doel fan it wetterskip wie it regeljen fan de wetterhichte yn it behearskgebiet westlik fan de Bakhúster Feart en Wielsfeart en it ûnderhâld oan wurken anneks.

Op 1 maaie 1969 waard it wetterskip opheft en gie it by de earste grutte konsintraasje fan wetterskippen yn Fryslân, op yn wetterskip Tusken Mar en Klif. Nei noch in pear fúzjes falt it gebiet sûnt 2004 ûnder Wetterskip Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: