Springe nei ynhâld

De Hoop (Sumar)

Ut Wikipedy
De Hoop
mûne / mole
De mûne yn 2021
De mûne yn 2021
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Sumar
adres Mounepaed
koördinaten 53° 10' N 5° 59' E
bysûnderheden
type mûne Stellingmûne
funksje Nôtmûne
flecht 21,10 meter
boujier 1882
oare ynformaasje
eigner Gem. Tytsjerksteradiel
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35683
Webside
dehoopsumar.nl
Kaart
De Hoop (Fryslân)
De Hoop

De Hoop is in mealreeë nôtmûne yn it doarp Sumar, dat besuden Burgum leit yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It is in houten achtkante, reitdutsen stellingmûne op in stiennen ûnderbou. De mûne hat in flecht fan 21,00 meter mei in stellinghichte fan 7,80 m.

De Hoop waard yn 1882 boud as ferfanger fan in út 1867 datearjende nôt- en pelmûne, dy't yn 1881 troch brân ferwoaste waard. Underdielen fan de mûne soenen komme fan in nôt- en pelmûne yn Koatstertille. De Hoop, dy't doe noch in pelynrjochting hie, wie oant 1947 yn bedriuw, al wie dy doe al frijwat yn ferfal. De binnenroede hat lang selsswichting hân, mar hat no lykas de bûtenroede in âldhollânsk wjuksysteem.

Yn 1964 waard de mole oankocht troch de gemeente Tytsjerksteradiel, dy't him yn 1966-1967 yngeand restaurearje liet. Dit barde nochris yn 1992-1993. It mûnebiotoop waard yn 2017 opknapt mei it kappen fan in tal beammen en yn 'e maaitiid fan 2022 krige it achtkant by in restauraasje in nij reiten tek. Ek hat de firma 'De Molenmakers' út Tsjummearum doe in tal ûnderdielen opknapt en ferfongen.[1]

De Hoop is op sneon te besichtigjen (sjoch de webside fan de mûne foar de tiden).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: