Springe nei ynhâld

De Hondsrug

Ut Wikipedy
De Hondsrug
mûne / mole
lokaasje
provinsje Drinte
gemeente Emmen
adres IJsspoorweg 33
7814 XA Weerdinge
koördinaten 52° 49' N 6° 44' E
bysûnderheden
type mûne bultmûne
funksje nôtmûne
flecht 22,00 m
boujier 1905
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 14964
Kaart
De Hondsrug (Drinte)
De Hondsrug

De Hondsrug is in nôtmûne yn Weerdinge, in buorskip yn 'e Drintske gemeente Emmen.

De earste mûne fan Weerdinge waard yn 1863 boud en baarnde yn 1870 ôf. De werbou folge fuort dêrnei oant yn 1903 de mûne fannijs ôfbaarnde. Yn 1910 waard de mûne mei materiaal fan in ôfbrutsen poldermûne út it Grinslânske Farmsum wer opboud.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich dûkte yn 'e simmer fan 1944 in pear dagen in Amerikaanske piloat yn 'e mûne ûnder, nei't dy by Hannover út de loft sketten wie en mei syn kompas yn 'e nachten nei Nederlân rûn, dêr't de ûndergrûnske him fierder holp.[1]

Yn 1945 bruts in roede fan 'e mûne en rekke de mûne bûten gebrûk.

De mûne waard yn 1987 yn opdracht fan in partikulier wer restaurearre. By dy restauraasje krige de mûne foar it earst in namme en waard de mûne ferneamd nei de heuvelrêch fan 'e krite. De namme fan 'e mûne stiet op 'e burd mei de jiertallen 1905 en 1987.

De mûne hat âldhollânsk ophekte roeden mei silen en in lingte fan 22 m. De mûne is mealree en wurdt út en troch troch frijwilligers oan it wurk set.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ynformaasjeboerd by de mûne.
  • Molens uit Drenthe, útjouwerij Waanders-Zwolle