De Gest
De Gest is in buorskip yn de gemeente Hollâns Kroan yn de provinsje Noard-Hollân. It plak wurdt ek wol sûnder 'De' skreaun, dus Gest.
De Gest leit krekt westlik fan Den Oever, formeel falt it ek ûnder dat plak. It plak ûntstie nei de 14e iuw, doe't de ouwers fan it eilân Wieringen stadichoan ferskoden. Ien fan de earst bewenne plakken dy't doe ûntstienen wurdt no Ald-Gest neamd, dit is ûnderwilens hielendal opslokt. De Gest ûntstie nei't Ald-Gest wat ûnbewenberder waard en men wat mear it lân yn gean moast. Letter waard Ald-Gest wer bewenber mar De Gest bleau ek bewenne. De Gest hie foar de bebouwing yn de 20e iuw ek wat mear ynwenners as Ald-Gest. Yn 1840 hie it 75 ynwenners tsjin 25 ynwenners yn Ald-Gest.
De beide plakken ûntlienden harren namme út it feit dat se op de geastgrûnen fan de dunen ûntstienen.