De Finke
Appearance
De Finke is in wetter yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart ferbynt Molkwar mei it súdliker rinnende Johan Frisokanaal by Warns en rint ûnder it spoar Starum-Ljouwert troch. De namme De Finke jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme De Fenke.