De Dyk
Appearance
De Dyk, foarhinne ek wol Piter Jelles Junior neamd, is in iepenbiere middelbere skoalle dy't ûnderdiel is fan skoallemienskip Piter Jelles.
Oant it skoaljier 2010-2011 waarden der lessen oanbean foar de earste twa jierren fan it vmbo en de earste trije jierren fan de havo en it vwo. Dêrnei moasten de learlingen nei oare lokaasje fan Piter Jelles, lykas Aldlân. Mei yngong fan dat skoaljier is dat lykwols wizige. No is de skoalle bestimd foar learlingen mei in vmbo-t advys, in moderne mavo. De skoalle hat likernôch 450 learlingen. De Dyk is tegearre mei De Brêge fêstige in Ljouwert, yn de wyk Heechterp-Skieringen. De skoalle sit yn in nij en modern skoalgebou dat neist it sportsintrum it Kealledykje leit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |