De Brêge

Ut Wikipedy

De Brêge, foarhinne ek wol Piter Jelles De Brêge neamd, is in iepenbiere middelbere skoalle foar praktykûnderwiis yn Ljouwert, yn de wyk Heechterp-Skieringen. De skoalle is ûnderdiel fan skoallemienskip Piter Jelles. Op De Brêge kinne learlingen terjochte dy't gjin vmbo-diploma helje kinne. De skoalle is fêstige yn itselde gebou as de skoalle De Dyk, it is in nij en modern skoalgebou dat neist it sportsintrum it Kealledykje leit.

De namme De Brêge moat sjoen wurde as in brêge foar de learlingen nei de takomst ta.

It praktykûnderwiis bestiet út talieding ta de arbeidsmerk en it fergrutsjen fan de selsredsumens. It praktykûnderwiis is ôfstimd op de mooglikheden fan de learling. It is ûnderwiis op maat mei in oanpast program.

Om talitten te wurden ta it praktykûnderwiis moatte learlingen oan in tal lanlike fêststelde kriteria foldwaan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: