Springe nei ynhâld

Ljouwerter Lyseum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aldlân (skoalle))

It Ljouwerter Lyseum, foarhinne ek wol Piter Jelles Aldlân of Aldlân neamd, is in iepenbiere middelbere skoalle yn Ljouwerter wyk Aldlân. De skoalle is oansletten by skoallemienskip OSG Piter Jelles en hat sawat 1200 learlingen.

Underwiisfoarmen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de skoalle kinne de folgjende ûnderwiisfoarmen folge wurde:

  • ISK / Ynternasjonale Skeakel Klasse
  • HAVO klasse 1 o/m 5
  • Ateneum klasse 1 o/m 6

De VMBO ôfdieling is sûnt it skoaljier 2010-2011 fuorthelle fan dizze lokaasje, dêfoar is de ISK yn it plak kommen. De ISK hat in eigen fleugel yn de skoalle, hat in eigen lessentabel en dosinteteam. It lesprogram bestiet fral út it Nederlânsk, mar ek fakken as maatskippijlear, gymnastyk en in byldzjend fak steane op it program.

De skoalle is opdield yn parten dêr't lieding oan jûn wurdt, alle dielskoallen hawwe harren eigen dielskoallieder. De resonanslearlingen meitsje diel út fan it bestjoer, dy besykje ek de winsken fan de learling yn te bringen.

De dielskoallen binne:

It gebou is lein yn Ljouwert en hat in protte mooglikheden. De skoalle bestiet út in sintrale hal mei kantine. Oan de noarlike kant binne der de gymsealen. Súdlik en eastlik binne der lokalen, de ferskate ferdjipings en fleugels binne tawiisd oan in dielskoalle. Twa parten yn skoalle binnen spesifyk bestimd foar bepaalde fakken: 't Lab en It Atelier. Yn 't Lab wurde Bêta fakken jûn. It Atelier wurdt brûkt foar foarmjouwing en oare fakken yn dy rjochting. Fierder hat de skoalle beskikking oer in muzykbunker en in grut sportfjild, dat neist de gymsealen leit. Mei yngong fan it skoaljier 2010-2011 wurdt der op de skoalle útein set mei it Technasium. Yn de earste klasse kriget de learing dan it fak Undersykje en Untwerpe, dat in tarieding is op it Technasium. Yn it twadde jier kin de learling foar it Technasium kieze.[1].

It Ljouwerter Lyseum hat syn eigen aktiviteiten-crew, de PJA-Crew. Sy organisearje aktiviteiten foar de skoalle, jierliks of ienmalich. Ek fanút de skoalle sels binne der aktiviteiten.

Yn de nacht fan snein 22 juny 2008 op moandei 23 juny 2008 wie der in brân yn it skoalgebou. De brân ûntstie yn in ôfsletten romte dêr´t konteners yn stiene en sloech dêrnei nei bûten. Der ûntstie fral skea oan de yngong, hal en it dak foar it kontenergebou. De brân is nei alle gedachten oanstutsen.[2].

Rôze Pompeblêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2011 krige de skoalle de priis it Rôze Pompeblêd, de priis is in ûnderskieding foar Fryske homo-emansipaasje. De priis gie nei skoalle omdat inkele learlingen it "Gay Straight Alliance (GSA)" opset hawwe [3].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Netwerk Friesland
  2. [2] Grote schade bij Piter Jelles Aldlân, Ljouwerter Krante, 23 juny 2008
  3. [3] "Roze Pompeblêd naar Piter Jelles", Ljouwerter Krante, 23 juny 2011