De Bining (Easternijtsjerk)
De Bining
Grifformearde tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Easternijtsjerk | |
adres | Langgrousterwei 7 | |
koördinaten | 53° 22' N 6° 03' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
status | Sûnt 2020 net mear yn gebrûk as tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1890 | |
Kaart | ||
De Bining wie ien fan de twa PKN-tsjerken yn Easternijtsjerk (gem. Noardeast-Fryslân). De tsjerke waard boud as grifformearde tsjerke fan Easternijtsjerk, dy't yn 2006 fusearre mei de herfoarme gemeente.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In heal jier nei de oprjochting fan in grifformearde gemeente waard de nije grifformearde tsjerke op 16 novimber 1890 yn gebrûk nommen. Al oan it begjin fan de 20e iuw moast it gebou fiif meter langer makke wurde, sa't der plak kaam foar it nije oargel. Yn 1939 waard oan de súdwestlike kant in fleugel oanboud. Yn 1951 waard it gebou wer langer makke en ferhuze it lokaal út 1910. De lêste fernijings datearje út 1991.
Yn 2006 fusearre de grifformearde gemeente mei de herfoarme gemeente ta ien PKN-gemeente en krige de tsjerke de namme De Bining. Fanwegen de ôfnimmende tsjerkegong hie de PKN-gemeente gjin ferlet mear fan twa tsjerkegebouwen en waard De Bining yn juny 2020 ôfstjitten. Der wurdt in nije bestimming foar it gebou socht (2021). [1]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste oargel fan de tsjerke waard troch de firma Standaart út Skiedam boud.[2] Fanwegen it waarm stoken fan de tsjerke rûn it Standaard-ynstrumint yn de rin fan de tiid skea op, sadat it yn 1965 ferfongen waard troch it hjoeddeiske ynstrumint fan de firma Reil út Heerde.[3][4]
Publikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Geert van Wieren "By it sluten fan de tsjerkedoar… Ferhalen, skiednis en tinzen oer De Grifformearde Tsjerke fan Easternijtsjerk 1890-2020"
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sesiliatsjerke, Easternijtsjerk
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|