De Bijekoer
De Bijekoer | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Harns (gemeente) | |
plak | Winaam | |
adres | S. Schaafstrapaed 1[1] | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | doarpshûs | |
boujier | 1982[1] | |
offisjele webside | ||
www.winaam.nl/d/ |
De Bijekoer is it doarpshûs fan it doarp Winaam,[2] dat yn it noardwesten fan 'e provinsje Fryslân yn 'e gemeente Harns leit. It gebou waard iepene op 18 maaie 1982.[1] Tsjin 'e 2010-er jierren wie it alhiel efter de tiid rekke en ta oan in grutte opknapbeurt, dy't yn 2016 úteinsette.[2] De Stifting Doarpshûs Winaam (oprjochte yn 1979)[1] ynvestearre yn 'e folgjende trije jier krapoan €400.000 om De Bijekoer hielendal te renovearjen.[2]
Dêrby waard net inkeld al it houtwurk oerskildere, dat foartiid it efterhelle kleurpatroan brún mei bêzje hie.[2] Ek waard de berging, dy't op in ûnlogysk plak siet, ferpleatst, en waard de yndieling feroare, sadat men net mear troch de koken hoegde om 'e gearkomsteseal te berikken. (Neitiid koe men dêr út 'e hal wei komme.)[2] De seal waard alhiel modernisearre, en de stifting hope dêrmei tenei ek beteljende aktiviteiten fan bûten Winaam te lûken, lykas de Harnzer ferienings dy't ein 2019 dakleas rekken doe't kultureel sintrum Trebol syn doarren sleat om sloopt te wurden.[2]
Fierders waard De Bijekoer by de renovaasje ek alhiel ferduorsume.[2] Sa waarden der nije betonflierren mei flierferwaarming oanlein en kaam der in waarmtepomp.[2] Op 25 oktober 2019 waard it doarpshûs feestlik weriepene troch de âldste en de jongste ynwenner fan Winaam. Dêrnei folge in resepsje en in feestjûn.[2]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |