Springe nei ynhâld

De Aventoeren fan Tom Sawyer

Ut Wikipedy
De Aventoeren fan Tom Sawyer
algemiene gegevens
oarspr. titel The Adventures of Tom Sawyer
auteur Mark Twain
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre berneboek, aventoereroman
1e publikaasje 1876, Chicago
oarspr. útjwr. The American Publishing
   Company

De Aventoeren fan Tom Sawyer, yn it oarspronklike Ingelsk: The Adventures of Tom Sawyer, is in roman fan 'e grutte Amerikaanske skriuwer Mark Twain (1835-1910). It ferhaal fertelt fan 'e eksploaten fan 'e ûndogenske jonge Tom Sawyer, dy't (krekt as Twain sels) yn 'e 1840-er jierren opgroeit, yn it fiksjonele plak St. Petersburg (basearre op Hannibal, yn 'e steat Missoury, dêr't Twain wenne), oan 'e igge fan 'e rivier de Mississippy. De Aventoeren fan Tom Sawyer, dat foar it earst publisearre waard yn 1876, is ien fan Twain syn bekendste boeken, en is withoefolle kearen adaptearre ta oare media, lykas films, tillefyzjesearjes, toaniel, musikals en ballet. Yn 1985 ferskynde der by de Afûk fan dit ferhaal in Frysktalige bewurking foar jongerein.

Tom Sawyer wennet mei syn healbroer Sid by syn muoike Polly yn it Mississippy-stedsje St. Petersburg, yn Missoury. Nei't er op in freed ris skoaltsjeskûle en syn klean smoarch makke hat troch mei in oare jonge te fjochtsjen, moat er foar straf de oare deis it skud fervje. Yn 't earstoan is er mismoedich dat er op dy manear syn frije dei misrint, mar al rillegau wit er syn maten sa te bepraten dat se him harren kostberheden jouwe foar it privileezje om eefkes sels in eintsje fervje te meien. Dy kostberheden ruilet er foar lotten dy't men op 'e sneinsskoalle kriget foar it út 'e holle learen fan bibelfersen, en as men der genôch fan hat, kin men in Bibel winne. Tom wit genôch lotten byinoar garjen om 'e Bibel te bemachtigjen, mar komt op 'e nij yn 'e swierrichheden as er him ferliede lit om mei syn bibelkennis te pronkjen en op 'e fraach wa't de earste dissipels fan Jezus Kristus wiene, antwurdet dat dat grif David en Goliat wiene.

Tom wurdt fereale op Becky Thatcher, in famke dat krekt yn St. Petersburg kommen is te wenjen, en besiket hat te bepraten om har mei him te "ferloovjen" troch him in tút te jaan. Becky lit har dêrta oerhelje, mar harren românse rint op 'e non as sy derefter komt dat Tom him earder alris "ferlove" hat mei in oar famke, Amy Lawrence. Koart nei't Becky it mei him útmakke hat, beselskippet Tom syn maat Huckleberry Finn, de soan fan 'e grutste dronkelap fan St. Petersburg, dy't sûnder opfieding of skoalle grut wurdt, op in nachtlik besyk oan it tsjerkhôf om mei in deade kat te besykjen wratten te genêzen. Ienris op it tsjerkhôf binne hja der tsjûge fan hoe't de Yndiaanske healbloed Injun Joe de jonge dokter Robinson fermoardet. Tom en Huck spylje fan ruten en swarre in bloedeed om nimmen te fertellen wat se sjoen hawwe. Underwilens lit Injun Joe it foarkomme as hat syn maat Muff Potter, in ûnnoazele dronkelap, de dokter om hals brocht. Potter wurdt oppakt, en Tom syn ûntrêstiging en skuldgefoelens begjinne almar mear op te spyljen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Tom, Huck en Tom syn freon Joe Harper pike út nei in eilân yn 'e rivier, om seerôvers te wurden. Wylst sy dêr fan harren nijfûne frijheid genietsje, begjint it harren stadichwei te daagjen dat de ynwenners fan St. Petersburg de rivier oan it drêgjen binne op 'e siik nei harren liken. Tom glûpt op in jûn it stedsje wer yn om it trelit yn eagenskou te nimmen. Nei't it him eefkes muoit om it fertriet fan syn famylje, rekket er yn 'e ban fan it lumineuze idee om syn eigen begraffenis te besykjen. Mei Huck en Joe wachtet er oant de tsjerkklok it roulet liedt, it leedfolk yngien is en de dûmny úteinset is mei syn preek, ear't se de tsjerke binnenkomme. Troch de blidens fan harren famyljes om har libben en wol wer te sjen ûntkomme se ek noch oan in fertsjinne straf.

Omslachyllustraasje fan 'e earste útjefte fan The Adventures of Tom Sawyer, út 1876
(True Williams (1839–1897))

As er werom is op skoalle, wit Tom Becky har geunst werom te winnen troch de straf op him te nimmen foar in boek dêr't sy troch rimpenens in skuor in makke hat. Koarte tiid letter begjint it proses tsjin Muff Potter. Tom, waans skuldgefoelens him oermânsk wurde, tsjûget dan tsjin Injun Joe. Potter wurdt frijsprutsen, mar Injun Joe naait út ear't er oppakt wurde kin. Dêrnei begjint Tom foar syn libben te freezjen, mei't Injun Joe op frije fuotten bliuwt en persiis wit wêr't Tom wennet.

As it simmer wurdt, geane Tom en Huck op 'e sneup nei in begroeven skat by in rynkrank hûs, dêr't it spûket. As hja har op 'e souder weage hawwe, hearre se ûnder leven. Troch in gat yn 'e soudering sjogge se hoe't Injun Joe it hûs ynkomt, ferklaaid as in dôfstomme Spanjert. Hy en syn ûnhuere maat beprate harren plannen om al it jild dat se stellen hawwe hjirsanne te begraven. Tom en Huck kinne harren earen suver net leauwe, en neitiid begjint Huck Injun Joe oeral ûnopmurken te efterfolgjen, wylst er syn kâns ôfwachtet om 'e moardner syn stellene skat te ûntnaderjen.

Tom giet mei syn skoalklasse op in ekskurzje nei in grot yn 'e omkriten fan St. Petersburg. Tom en Becky, dy't net by de groep bliuwe, ferdwale dêr en bringe in nacht yn 'e grot troch sûnder dat se mist wurde, mei Tom syn muoike mient dat er by Becky-en-dy is, wylst Becky har âldelju miene dat se by Tom-en-dy oerbleaun is. Uteinlik sjocht Tom yn 'e grot Injun Joe, dy't harren sûnder it sels te merken it paad nei de útgong wiist. Wylst Tom noch yn 'e grot sit, sjocht Huck hoe't Injun Joe en syn maat mei in kiste omtôgje. Hy folget harren en lústeret se ôf as se it deroer hawwe om widdo Douglas, in freonlike frou, te berôvjen en tenei te kommen. Huck slacht alaarm en de smjunten moatte harren plan opjaan, en ferdrinke as hja de rivier besykje oer te swimmen om oan harren efterfolgers te ûntkommen. In wike letter geane Tom en Huck wer nei de grot ta, dêr't se Injun Joe syn kiste fol mei jild fine. De widdo Douglas komt te witten wa't har rêden hat, en hja adoptearret Huck Finn, dy't dan foar it earst fan syn libben mei beskaving te meitsjen kriget. Hy pykt al gau út, mar Tom fynt en bepraat him, dat ta ein beslút jout Huck him del ûnder it goedbedoelde bememkjen fan widdo Douglas.

It ferhaal fan De Aventoeren fan Tom Sawyer waard ferfolge yn 'e romans Adventures of Huckleberry Finn (dy't faaks noch bekender is), út 1884, en dêrnei yn Tom Sawyer Abroad, út 1894, en yn Tom Sawyer, Detective, út 1896. It personaazje fan Tom Sawyer makket fierders ek syn opwachting yn twa ûnfoltôge ferfolgen: Huck and Tom Among the Indians en Tom Sawyer's Conspiracy. Ek spilet er in (by)rol yn Twain syn Schoolhouse Hill, dat krektlyk ûnfoltôge bleau.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1985 ferskynde der in Frysktalige foarm fan The Adventures of Tom Sawyer by de Afûk. It wie in oersetting fan in flink ynkoarte Spaanske bewurking foar bern, ûnder de titel Tom Sawyer, yn 'e foarm fan in byldferhaal mei tekenings fan Sergio Cavina. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Klaas Bruinsma. It boekje heart ta in fjouwerdielige searje fan lyksoartige útjeften; de oare dielen binne: De Trije Musketiers, Ivanhoe en de De Lêste Mohikaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Twain, Mark, De Aventoeren fan Tom Sawyer (bewurking foar bern), Ljouwert, 1985 (Afûk), ISBN 9 06 27 32 097.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.