Springe nei ynhâld

Daniel Rufeisen

Ut Wikipedy
Daniel Rufeisen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Shmuel Oswald Rufeisen
oare namme Daniel Maria Rufeisen
berne 29 jannewaris 1922
stoarn 1 july 1998

Daniel Rufeisen (berne op 29 jannewaris 1922 yn Zadziele by Żywiec as Shmuel Oswald Rufeisen; ferstoarn op 1 july 1998 yn Haifa) wie in karmelyt en oarderpreester.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oswald Rufeisen waard yn in ûntwikkele joadske hûshâlding yn Poalen grutbrocht. Thús waard Dútsk praat en al gau hied er kontakt mei de Sionistyske beweging. Doe't Hitler's troepen Poalen oanfoelen, flechte de hûshâlding nei it easten. Syn âlders bleaune lykwols efter en waarden yn Auschwitz-Birkenau fermoarde. Oswald Rufeisen bedarre ynearsten yn Vilnius yn Litouwen en sette him dêr yn in kibboets nei wenjen, dy't neffens Israelysk foarbyld stifte wie. Doe't de oarloch en in Dútske besetting ek Litouwen trof, sette dêr ek de planmjittige moard op joaden útein. Oswald Rufeisen wist lykwols de oarloch op aventoerlike wize te oerlibjen.

Yn 1941 flechte hy fierder it easten yn en sa bedarre er yn Wyt-Ruslân. Om't er goed Dútsk prate koe, slagge hy der yn om him as etnysk Dútske Poal foar te dwaan. Hy wurke as oersetter foar de plysje yn it fan Dútsers besette gebiet (Generalkommissariat Weißruthenien). Tagelyk hied er syn kontakten mei partisanen en spile er har ynformaasje troch oer wat Dútsers fan doel wiene. Ek levere er de partisanen wapens.

Op 13 augustus 1942 soene de Dútsers it getto yn it kastiel Mir likwidearje. Rufeisen wist de bewakers mei in falske warskôging foar partisanen te ferrifeljen en warskôge joaden dêr, sadat likernôch 300 bewenners fan it getto yn 'e bosken wisten te ferdwinen. Rufeisen waard oppakt, fêstset en útkloarke, mar flak foar syn eksekúsje wist er te flechtsjen en him yn in kleaster te ferstopjen. Dêr makke er kennis mei it Nije Testamint, bekearde er him ta it kristendom en liet er him dope. Letter foege er him by de partisanen.

Karmelyt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Twadde Wrâldkriich joech Oswald Rufeisen him as postulant by de Karmeliten, dêr't er de oardernamme Daniel Maria krige. Yn 1952 waard Daniel ta preester wijd. Sân jier letter gyng er op fersyk fan 'e oarder nei Israel. Alhoewol't er oarderpreester wie, tsjinne er fanwegen syn joadske komôf en mei in berop op 'e Wet op Weromkommen in fersyk yn foar it krijen fan 'e Israelyske nasjonaliteit, dy't him lykwols wegere waard. Syn yn 1962 behannele klacht foar it Heechste Gerjochtshôf fan Israel bleau sûnder súkses: it oardiel fan it hôf wie dat immen mei in oare godstsjinst gjin joad wêze koe. Pater Daniel fielde him lykwols as kristen ek joadsk.

Yn Israel wurke er yn in parochy dy't foar it measte út Poalske katoliken bestie, dy't mei joaden troud wiene. Dêrnjonken wurke er ek as reisleider foar toeristen. Al foar it Twadde Fatikaanske Konsylje begûn pater Daniel der mei de missen yn 'e lânstaal op te dragen. Njonken de al oanwêzige Arabyske kristenen ûnstie der ek noch in gemeente fan Hebriuwsk pratende kristenen.

Fuort nei de dea fan pater Danielyn 1998 waard de bou fan in katolyk senioarenkompleks foltôge, dat no syn namme draacht,

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Daniel Rufeisen.