Dakota Skye (film)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Dakota Skye
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John Humber
produsint John Humber
Shaun O'Banion
senario Chad Shonk
kamerarezjy Brett Juskalian
muzyk Seth Podowitz
filmstudio (ûnôfhinklike film)
spilers
haadrollen Eileen April Boylan
Ian Nelson
J.B. Ghuman jr.
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 14 maart 2008
foarm langspylfilm
sjenre dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 89 minuten
budget en resultaten
budget $150.000

Dakota Skye is in Amerikaanske coming-of-agedrama út 2008 ûnder rezjy fan John Humber, nei in senario fan Chad Shonk. De haadrollen yn 'e film waarden fertolke troch Eileen April Boylan, Ian Nelson en J.B. Ghuman jr.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dakota Skye is it coming-of-ageferhaal fan it santjinjierrich famke mei deselde namme, dat oer in superkrêft beskikt: se kin eltse leagen trochsjen dy't har ferteld wurdt. Har wrâld feroaret as Jonah, de yn New York wenjende bêste freon fan har feint, op besite komt. Foar de earste kear yn har libben moetet Dakota dan nammentlik immen dy't har net foarliicht. Dêrtroch komt se har eigen libben mei hiel nije eagen te sjen.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dakota Skye waard regissearre troch John Humber, dy't tegearre mei Shaun O'Banion ek produsint wie. It senario waard skreaun troch Chad Shonk, wylst Brett Juskalian de kamerarezjy die, en de filmmuzyk fersoarge waard troch Seth Podowitz. Dakota Skye waard makke as in ûnôfhinklike film, mei in budget fan $150.000. De film gie op 14 maart 2008 yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dakota Skye waard fertoand op ferskate filmfestivals, wêrûnder it Filmfestival fan San Luis Obispo, it Filmfestival fan Phoenix, Filmfestival fan Charlotte en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Edmonton. De film krige mingde kritiken.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chad Shonk wûn mei Dakota Skye yn 2008 de Copper Wing Award foar bêste senario op it Filmfestival fan Phoenix. Produsint John Humber waard datselde jiers de Festival Prize yn 'e kategory bêste ferheljende langspylfilm takend op it Filmfestival fan Charlotte.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.