Springe nei ynhâld

Dagobert III

Ut Wikipedy
Fantasyportret fan Dagobert III troch Jean Dassier (1676-1763)

Dagobert III (699 - 715) wie in Merovingyske kening fan de Franken tusken 711 en 715.

Dagobert III wie de soan fan Gildebert III en Edonne. Yn 711 folgde hy syn heit op as kening oer Austraasje, Neustrje en Boergonje. Omdat er amper 12 jier âld wie, hie syn hofmeier Pippyn fan Herstal de echt macht yn hânnen.

Mei de dea fan Pippyn yn 714 ûntstie der striid om de macht. Wylst guon fan de Frankyske eallju iepentlik tsjin de kening yn opstân kamen foel de Fryske kening Redbad it noarden oan.

Dagobert besocht sels mear macht te krijen en beneamde Ragenfrid ta syn Hofmeijer ynstee fan Teudebald in pakesizzer fan Pippyn. Ek Karel Martel in ûnwettige soan en Plektrude de frou fan de ferstoarne hofmeijer spile in rol yn dit barren. Lykwols kaam Dagobert III al gau te ferstjerren (715), syn soan Teuderik IV en rjochtmittige opfolger waard oerslein, dêrfoar yn plak waard Gilperik II as kening beneamd.