Gildebert III

Ut Wikipedy
Munt met Childebert op de kopzijde

Kening Gildebert III (68323 april 711), (ek Gildebert IV neamd om him te ûnderskieden fan Gildebert de Oannommene), wie de soan fan Teuderik III. Hy folge syn broer Klovis IV nei dy syn ferstjerren op yn 695 en libbe oant 711. Syn hofmeier, Pepyn fan Herstal oefende yn syn namme de macht út oer Neustrje en Boergonje. Nei kening Klovis IV begoûnnen de hofmeiers echt te regearen yn namme fan de kening. Sa ûntstienen ferhalen fan de "glaaie of luie keningen": hja nommen it te maklik op en lieten eigentlik harren "earste minister" regeare. Gildebert III waard opfolge troch syn soan Dagobert III.