Dûzelich

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Dûzelich
Geartsje de Vries' yn 'Dûzelich' (2021)
Geartsje de Vries' yn 'Dûzelich' (2021)
plak en tiid
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
plak op lokaasje
datum 2021
bysûnderheden
soarte evenemint teäter
sjenre kabaret, iepenloftspul
org. troch De Koornbeurs, Frjentsjer

Dûzelich is in Frysk teäterprogramma fan Geartsje de Vries (1967) út De Wylgen.

It troch Geartsje de Vries sels skreaune teäterstik is in beskôgjende kabaretproduksje dy’t weromgrypt op har libben. De foarstelling begjint mei in sêne op in bernefytske, as metafoar foar har bernetiid yn Balk. As lyts famke bestie har earste ferkenning fan in oersichtlike ienfâldige wrâld út hinne-en-de-wer fytsen tusken twa lantearnepeallen foar har âldershûs. Letter die har bliken dat de wrâld lang net sa oersichtlik wie, en dat it libben gjin rjochte line wie, mar fol siet mei hobbels, bulten, ôfslaggen en frjemde kronkels: It libben kronkelet bytiden sá dat je der dûzelich fan wurde. Oer dy kronkels giet de iepen en persoanlike foarstelling. Yn har libben wie bygelyks de tiid fan swier wêzen net fanselssprekkend, en letter die ek bliken dat it libben bytiden nuver rinne kin. Hja fûn rêst en treast troch op it wetter te wêzen. De eigen bernetiid, it bern krijen en it wetter binne de trije pylders fan de foarstelling. De ûnderwerpen wurde yn de solofoarstelling projektearre op in swart skerm. [1]

Debút[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As bestjoersadviseur fan Wetterskip Fryslân hie Geartsje de Vries gjin ûnderfining mei teäter, mar se hie wol altyd niget oan aktearjen en mocht ek graach skriuwe. Yn 2018 krige se samar ynienen safolle lêst fan dûzelingen, dat se út it wurk rekke en in skoft thús kaam te sitten. In medyske ferklearring waard nea fûn, wol wie it fermoeden dat de oergong der mei te krijen hie. De tydlike rêst die har goed, se krige sa tiid om har libben te oer te sjen en nei te tinken. Neidat se har libben yn kronologyske folchoarder opskreaun hie, betocht se wat se yn har libben eins noch ris dwaan woe. Hja besleat yn 2019 om de feilige line fan alle sekerheden oer te stekken en joech har op foar it projekt Maak ’t mee fan Teater De Koornbeurs yn Frjentsjer. [2] By dat projekt foar amateurtalint wie Titia Huisman, de nije teäterdirekteur fan teäter De Koornbeurs, har persoanlike begelieder. Ynearsten wie it de bedoeling om allinnich in teäterstik te skriuwen oer de grutte ynfloed fan de oergong op froulju, mar dat rûn oars. It sels skreaune stik waard úteinlik in eigen solofoarstelling. Fan hûs ut en ek yn har eigen húshâlding spile humor in grutte rol. Yn it stik komt dan ek in soad relativearjende koartswyl foarby.

Korona[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de koronatiid wie der gjin yn 2021 gelegenheid om yn De Koornbeurs op te treden. Dêrom waard keazen foar yntime bûtenoptredens op lokaasje foar heechút tritich besikers. De premiêre wie ein maaie yn de tún fan Museum Martena yn Frjentsjer. Nei sân bûtenfoarstellings yn tunen fan Dronryp oant Ternaard is it de bedoeling om foarstellings fan Dûzelich op de planken fan doarpshuzen te bringen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Geartsje de Vries met voorstelling Dûzelich voor het eerst het podium op, Leeuwarder Courant, side 19, 17 maaie 2021
  • Geartsje de Vries laat het gewone bijzonder zijn in haar cabaretdebuut Dûzelich, Friesch Dagblad, 27 maaie 2021

  1. Teatermakker en kabaretier Geartsje de Vries komt noflik út har comfortzone yn har solofoarstelling Dúzelich, Friesch Dagblad, 21 maaie 2021
  2. Theater De Koornbeurs