Dûanehûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De wenningen oan de Oere 42 en 44 yn Moddergat (42 rjochts en 44 links op de foto)
Libbensbeam yn it boppeljocht fan de doar fan de wenning oan De Oere 44
De wenningen oan de Oere 10 en 12

It dûanehûs is in troch it Frânske bestjoer foardere wenning foar dûanewurk oan de kust yn Moddergat. Der besteane twa lêzingen oer hokker pân yn de Frânske tiid yn Moddergat oanwiisd waard troch de Frânske oerheid en dus betitele wurde kin as 'it dûanehûs'.

De Oere 42 en 44[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens Stenvert waard de dûbele fiskerswente oan De Oere 42 en 44 boud yn 1770[1] en soe diels - grif nûmer 44[2] - yn de Frânske tiid brûkt wêze om Frânske dûne-amtners yn ûnder te bringen, dy't yn Moddergat legere wienen om it smokkeljen tsjin te gean. Dy hûsfêsting besoarge ynwenners fan Moddergat net allinnich oerlêst, se fertsjinnen ek oan dizze bewenners fan De Oere 44. De fiskers fan Moddergat soargen ûnder mear foar it ferfier fan de soldaten nei It Amelân en nei Harns mei harren fiskersboaten. Op de fergoeding dy't se foar dit fefier yn 1811 ôfsprutsen hienen - 2.268 francs - hawwe se lang wachtsje moatten. De rekken wie yn 1817 noch net betelle.[3]

De dûbele wenning hat in skylddak. Yn it boppeljocht fan de doar fan nûmer 44 sit in libbensbeam (sjoch foto). De bestimming fan it pân is wizige fan fiskerswent yn rekreaasjewenning.[3] Beiden pannen binne erkend as ryksmonumint.

De Oere 10 en 12[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in ûndersyk nei it ûntstean fan fjirtich huzen en harren ferline "Moddergat: De Oere" wiist Hillebrand iut pân De Oere 10 en 12 oan as it eardere dûanehûs. Dit hûs is it âldste noch besteande hûs fan Moddergat. It wie oarspronklik in boerewenning. Yn 1806 soe it foarhûs fan dit pân (nr. 10) troch de destiidske bewenners Tjeerd Willems Visser en Hylkje Tjerks Visser ôfstien wêze oan it Frânske bestjoer, dy't it brûkte as pak- en feilinghûs foar strânfynsten. It hûs stie registrearre as "Districts Pakhuis van Westdongeradeel".[4] Ek dizze beide pânen binne erkend as ryksmonumint.

De pânen oan de Oere 10 en 12 leinen destiids oan de râne fan it doarp, op it Minútplan út 1832 oan de uterste westside fan it doarp. De pânen oan de Oere 42 en 44 leinen (en lizze) oan de oare side fan Moddergat, oan de uterste eastside.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Neffens Hillebrand is dit jiertalanker misliedend, it soe in fannijs pleatst muorreanker út in oare wenning wêze kinne. Neffens syn ûndersyk bestie it hûs al yn 1713 (nr. 42) en waard it yn 1751 útwreide (nr. 44) - boarne: Hillebrand 2011:64
  2. Kuipers 2000:41
  3. 3,0 3,1 Kuipers, 2000:41 en 42
  4. Hillebrand 2011:35
  5. Hillebrand 2011:17