Springe nei ynhâld

Dún Laoghaire

Ut Wikipedy
Dún Laoghaire
Polityk
Lân Ierlân
Provinsje Leinster
Greefskip Dun Laoghaire Rathdown
Sifers
Ynwennertal 23857 (2006)
Hichte 0-24 m
Oar
Koördinaten
Offisjele webside
dun-laoghaire.com

Dún Laoghaire - sa'n bytsje útsprekke as "dûn learjy" - is in Ierske stêd sa'n 10 kilometer besuden Dublin, oan de Baai fan Dublin. De stêd is benammen bekend as de haven fan de feartsjinsten nei Holyhead yn Wales en Liverpool yn Ingelân. Fierder is it de thúshaven fan in tal grutte jacht- en sylklups. De haven hat twa pieren, fral de eastpier lûkt in protte rekreänten.

Op in hoannestap fan de haven leit de Martellotoer dy't wrâldferneamd wurden is as plak dat foar komt yn it boek Ulysses fan James Joyce.

Yn 1821 waard de stêd offisjeel omdoopt yn Kingstown ta eare fan in besite fan de Britske kening George IV. Hûndert jier letter krige de stêd har âlde namme werom. De namme komt fan kening Laoghaire (5e iuw), dy't de earste west hawwe soe om Sint Patrick tastimming te jaan it kristendom yn Ierlân te preekjen. It wurd dún betsjut fort.

Bekende lju út Dún Laoghaire

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]