Holyhead

Ut Wikipedy
Holyhead
Caergybi
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Steat Wales
Ser. greefskip Gwynedd
Sifers
Ynwennertal 11.4311(2011)
Offisjele webside
Offisjele webside Holyhead Town Council
Lizzing fan Holyhead yn Grut Brittanje

Holyhead (Welsk: Caergybi) is in stedsje yn it greefskip Anglesey yn it noardwesten fan Wales. Holyhead leit op it eilân Holy Island en is mei de Four Mile Bridge ferbûn mei Anglesey.

It sintrum fan Holyhead is boud om de St. Cybi-tsjerke hinne, op it stee fan in earder Romeinsk fort. Yn de omkriten binne in protte prehistoaryske oerbliuwsels te finen.

It plak is it meast bekend as einstasjon fan it spoar en diken en as it plak dêr't fearboaten wei nei it Ierske Dublin en Dún Laoghaire farre (mei Stena Line en Irish Ferries).

De foarneamste yndustry yn de stêd is de aluminiumyndustry. Bûten de stêd leit in bauksytferwurkjende fabryk. Dy grûnstof wurdt út Jamaika en Austraalje wie oanfierd.

Neffens in folkstelling yn 2001 praat 47% fan de ynwenners Welsk, en 66% fan de jongerein ûnder de 15 jier.

Bekende minsken út Holyhead[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

St. Cybi-tsjerke yn Holyhead

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]