Springe nei ynhâld

Baai fan Dublin

Ut Wikipedy
Lizzing Baai fan Dublin yn Ierlân

De Baai fan Dublin (Ingelsk: Dublin Bay, Iersk: Cuan Bhaile Átha Cliath) is in C-foarmige ynholte fan de Ierske See oan de eastkust fan Ierlân. De ynholte is sa’n 10 kilometer breed mei in grutste lingte fan 7 kilometer, op de hichte fan it stedssintrum fan Dublin. De baai rint fan it skiereilân Howth Head mei Howth yn it noarden oant Dalkey Point yn Dalkey yn it suden. De rivieren Liffey, Tolka en Dodder mûnje yn de Baai fan Dublin út.

It keunstmjittige eilân Bull Island leit yn de noardwesthoeke fan de baai en hat in 5 km lang sânstrân, Dollymount Strand, en in ynternasjonaal weardefol achte fûgelreservaat.

De baai is frijwat ûndjip, mei sânbanken en rotsige útstyksels, en wie yn it ferline wreed ferneamd by seelju. Benammen by eastewyn binne dêr oant yn de moderne tiid in soad skippen fergien foar de kust tusken Howth en Dún Laoghaire.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]