Cymdeithas yr Iaith Gymraeg

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Flagge fan wales

Cymdeithas yr Iaith Gymraeg (Feriening foar de Welske taal), meastentiids ôfkoarten ta “Cymdeithas” is in organisaasje yn Wales dy’t warber is om de Welske taal te behâlden. De hjoeddeistige foarsitter is Menna machreth. Cymdeithas bestiet foar in grut diel út frijwilligers.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De feriening is oprjochte op 4 augustus 1962 yn Pontarddulais yn it suden fan Wales. It hie gjin grûnslach oant 18 maaie 1963. De grûnslach dy’t doe opsteld is, is ynspirearre troch de Jierlikse BBC radiolêzing op 13 febrewaris fan 1962. Saunders Lewis lies in rede foar mei de namme “It lot fan de taal”.

De Ferienings earste publike protest wie yn oktober 1962 yn Aberystwyth, sa’n 70 stipers hâlden it ferkear tsjin foar in heal oere. Dat wie de earste aksje yn in rige om in offisjele status fan it Welsk te krijen. Sa moast neffens de feriening de plaknammeboerden feroarje, skoallen moasten mear Welske lessen jaan en offisjele stikken moasten yn it Welsk skreaun wurde.

De feriening leaut yn fredige aksjes. In soad kampanjes binne útfochten yn de rjochtseal. In soad stipers binne oanhâlden yn al dy jierren. Yn de begjinjierren hat de feriening warber west om in Welske radio en telefyzjestasjon te krijen. It resultaat is Radio Cymru wat oprjochte is yn 1977. In telefyzjestasjon soe der yn 1979 komme mar is doe net trochgien ta grutte teloarstelling fan de feriening.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cymdeithas wol dat it Welsk deselde status krijt as it Ingelsk. Yn 1993 is der wet oannaam dy’t seit dat it Welks krekt sa behannele wurde moat as it Ingelsk. Cymdeithas fynt dat dit no net genôch bart. As it Welsk de offisjele status krijt dan kin it profitearje fan de Jeropeeske foardielen dy’t by dizze status hearre.

Cymdeithas hat de aktiviteiten ferdielt yn ferskillende gebieten: Wales 2020

  • Cymdeithas hopet dat yn 2020 de taal feilichsteld is en wol foarkomme dat yn 2020 de taal yn krisis is. It is warskôging foar alle minsken dat it hiel goed giet mei de taal of dat it op de kop ferkeard komt.

Nije Welske taalwet groep

  • Dizze groep is dwaande om politike druk te setten om nije wetjouwing oan te nimmen om it Welsk better te beskermjen.

Ûnderwiis groep

  • Welske taal moat jûn wurde op alle skoallen en op alle ferskillende nivo’s. Op de basisskoalle is it faaks al mooglik om les te krijen yn it Welsk mar op HBU nivo en op universiteit nivo is dit noch net mooglik. Ek wol de ûnderwiisgroep dat der mear lessen yn it Welsk jûn wurde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]