Springe nei ynhâld

Cleynstins

Ut Wikipedy
Cleynstins
Stins yn 1723

De Cleynstins, ek wol: Harinxmastins, Dekamastins, Grutstins, Stinskelder letter: Grytmanshûs, is in stins yn de binnenstêd fan Snits.

De stins stiet oan de Merkstrjitte 19 en makket mominteel diel út fan it Stedhûs fan Snits. It gebou is beneamd ta Ryksmonumint.

De earste fernijingen fan de stins binne fan 1338; it gebou komt nei alle gedachten út de iere Midsiuwen.

De foargevel stiet fóar de rest fan de bebouwing. It pân hat eigendom west fan Aylof die Gruter (edelman, mids 1398), de famylje Harinxma en de famylje Dekama (mids 1610). Sikko fan Dekama hat besocht om de stins ôf te brekken, mar dêr struts de froedskip in houtsje foar. De stins bestie oarspronklik út twa dielen; de Grutstins en de Cleynstins. De Grutstins is troch Dekama sloopt.

De stins is sûnt de bou faak útwreide, ûnder mear mei in koetshûs en in binnenplak. Dy útwreidings barden fanwege Dr. Gualtherus Gualtheri (sûnt 1632 eigener) dy't de neistlizzende Gruytersmastins besiet. Oan de eastsside fan it gebou binne twa ferdjippings mei hege kape oanboud. Oant 1761 hie it gebou in trepgevel, mar dy is ferdwûn.

It gebou kaam yn 1641 yn hannen fan grytman Sjurck fan Burmania fan Wymbritseradiel. De stins waard fan 1641 oant 1761 brûkt as winterferbliuw fan de Burmania's. Harren simmerferbliuw wie de Epemastate. Yn 1761 kocht L.A. Frieswijk it gebou en liet it ferbouwe mei de trijedielige gevel yn Loadewyk XVI-styl. Dizze gevel is der noch altyd.

In diel fan it gebou is fan 1914 oant 1984 brûkt as Iepenbiere Bibleteek. Tsjintwurdich is it ûnderdiel fan it stêdhûs en wurdt de foarkeamer fan de Cleynstins brûkt as boargerlike stânkeamer. It pân hat noch altiten, neist de gevel, de orizjinele muorren fan kleastermoppen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: