Springe nei ynhâld

Clement van Maasdijk

Ut Wikipedy
Tinkteken op It Hearrenfean
Brûnzen boarstbyld yn Schaarsbergen

Clément Guillaume Jean van Maasdijk (Den Haach, 9 augustus 1885 - Schaarsbergen, 27 augustus 1910) wie in Nederlânske fleander en loftfeartpionier. Hy wie de earste Nederlanner dy't omkaam by in fleanûngelok.

Clément van Maasdijk begûn syn loftfeartkarriêre neidat hy de Frânske fleander Lefèbvre in demonstraasje dwaan seach boppe Den Haach. Yn it Frânske Pau learde hy fleanen yn in Wright Flyer, mar stapte rilke gau oer op in Blériot XI mei in Anzani-motor. Dizze fleach hy op 21 april 1910 oan smots. Hy kocht in Sommer twadekker mei Gnôme 50hk motor en krige op 22 juny fan datselde jier syn fleanbrevet fan de Frânske Aero Klub.

Fleandemonstraasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hearrenfean organisearre fan 31 july oant en mei 4 augustus 1910 in fleandemonstraasje op de âlde Thialfiisbaan en Clément van Maasdijk soe dêroan meidwaan. Hjirtroch hie hy de earste Nederlanner wêze kind dy't boppe Nederlânsk grûngebiet fleach. De Firma Verwey & Lugard stuts hjir lykwols in skoatteltsje foar, troch hurd in eigen demonstraasje te organisearjen boppe harren fleanfjild yn Ede. Hjirtroch waard Johan Hilgers de earste Nederlanner. Dochs wie de demonstraasje op It Hearrenfean in grut súkses, mei in protte entûsjaste taskôgers. Op It Hearrenfean waard foar de fleander in tinkteken oprjochte, en waarden in skoalle en in strjitte nei him ferneamd.

Fan 14 tot 18 augustus joech Clément in trijetal minder slagge demonstraasjes op it Hanenburg yn Den Haag. De sterke wyn hold him, nei eigen sizzen, oan de grûn.

Fan 28 oant en mei 31 augustus 1910 wie der in fleanwike organisearre yn Arnhim wêr't Clément ek in demonstraasje jaan soe. Clément joech de jûn dêrfoar in koarte demonstraasje foar syn ferloofde Jeanne Ladenius, it organisaasjekomitee en inkele monteurs. By it fjirde rûntsje gie it mis; hy stoarte mei syn Sommer del op de Warnsbornske heide en waard pletten troch de motor. Clément waard ûnder grutte belangstelling begroeven op begraafplak Moscowa yn Arnhim.

  • It monumint op It Hearrenfean is makke troch Pier Pander.
  • It monumint yn Schaarsbergen, in boarstbyld, is makke troch August Falise en stiet sûnt 2001 op it Kerkpad yn Schaarsbergen.
  • Yn 2010 wie in grut Fleanfeest yn It Hearrefean as hûndertjierrich neitinken oan de aviateur.
  • Janny van der Molen hat yn 2010 it berneboek "It Fleanwûnder" skreaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Aviateurs van het eerste uur - Wim Schoenmaker/Thijs Postma, 1984, útjouwerij Romen Luchtvaart, ISBN 90-228-3764-5