Wright Flyer
Appearance
Yn 1903 makken de bruorren Wright harren Wright Flyer, it earste fleantúch mei in motor, dat wier fan de grûn kaam. Dat barde by it doarp Kitty Hawk, yn de Amerikaanske steat Noard-Karolina. It tastel bleau de earste kear 12 sekonden yn de loft en fleach 36,5 meter. Letter op deselde dei kaam it fleantúchje oant 260 meter yn 59 sekonden (boarne: it Smithsonian Institution). Dat de 260 meter binne mei in faasje fan hast 16 km/o ôflein. De motor, in 4 silinder fan 25 hk, wie in ûntwerp fan Charles Taylor.
Mjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Langte: 6,4 m
- Spanwiidte: 12,3 m
- Hichte fleugels: 2,5 m
- Hichte propellers: 2,8 m
- Koarde: 2 m
- Stiichhoeke: 2 oant 25 graden
- Gewicht: 274,7 kg
- Motorgewicht: 69 kg
- Gewicht fan Orville Wright: 65,8 kg
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wright Flyer fan Wikimedia Commons. |