Springe nei ynhâld

Roger Sommer

Ut Wikipedy
Roger Sommer
Roger Sommer yn in Farman-dûbeldekker
Roger Sommer yn in Farman-dûbeldekker
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Frankryk Frânsk
berne 4 augustus 1877
berteplak Pierrepont
stoarn 14 april 1965
stjerplak Sainte-Maxime
wurkpaad
berop/amt Fleander, fleantúchbouwer
reden
  bekendheid
Fleanrekords
offisjele webside
gjin
De piloaten fan Sommer

Roger Sommer (Pierrepont (Frankryk), 4 augustus 1877 - Sainte-Maxime, 14 april 1965) wie in Frânsk fleander út de pionierstiid fan de loftfeart.

Hy wie in soan fan Alfred Sommer, in Belgysk yndustrieel. Roger Sommer wie noch jong doe't er by de fleanderij belutsen rekke. Yn 1909 ferbriek er it fleanduerrekord fan Wilbur Wright mei 2 oere 27 min. 15 sek.. Dêrnei waard er fleantúchbouwer. Hy boude 182 fleantugen. Sommer wie in freon fan loftfeartpionier en oarlochsheld Roland Garros.

Sommer's bedriuw, mei de namme Sommer, is no in part fan Sommer-Allibert. Roger Sommer wie de heit fan Raymond, François en Pierre Sommer.