Clantstate
Clantstate (ek: Herckema heerd, Herckemastins of Ausburgh) wie in stins yn Lytsewâld yn de eardere gemeente Kollumerlân. It terrein dêr't de state stien hat is noch werkenber en wurdt brûkt as greidlân.
15e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Herckemastins waard foar it earst neamd yn 1463. It wie doe sit fan in lytse famylje fan in haadling. It goed hiet yn 1536 Heerckema heert en to Herckema; de namme Clant state ferwiist nei de eigendomssituaasje tusken 1536 en 1570, de namme Ausburgh nei de Nederlânske doarpsnamme.
Mooglik wenne hjir Hedde Harkumma, dy't yn 1463 yn Kollumerlân as tsjûge optrede. Fan in Sicco Harcuma waard in sulveren segelstimpel út de 15e iuw yn Kollum fûn. Yn 1505 hearden bern fan Sicke Herckema ta de eallju yn Colmerlandt; Herka, ien fan harren, waard om 1503 fanwegen in tabrochte ferwûning feroardiele. Yn 1536 ferkocht Hilcke Herckema Heerckema heele heert ... als steenhuys myt dat sael ende andere huysen, nu staende to Herckema in Lutkewolde oan de fan oarsprong Grinslanner ealman Claes Clant, dy't ynearsten fan 1516 o/m 1538 grytman wie fan Nieuw Kruisland dat doe in selsstannige gritenij wie en fan 1539 o/m 1562 ek Kollumerlân ûnder syn behear krige. Hy wie troud mei Anna Harckema. Harren bern ferkochten yn 1572 't huys, hoff, lanckhuys, hiem, graft, singel en inboedel, mei 31 pûnsmiet lân yn Lytsewâld mei twa dêrneist lizzende saten lân, mei-inoar 115 pûnsmiet, en in sate oan de Kollumerleane. Eigener waard Schelte Scheltema, troud mei Ursel fan Harckema.
17e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in boelbeskriuwing fan 1617 waard it hûs beskreaun as het blaeuhuys ende andere camers en achterhuysinge met het lantsatehuys over het diept. Yn 1622 joech Winsemius Clant as aadlik hûs oan. Yn de twadde helte fan de 17e iuw waard, sa’t út in tekening fan J. Stellingwerf út 1722 bliken docht, in klassisistysk slotsje mei pilasters en in Flaamske topgevel boud.
18e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant yn de midden fan de 18e iuw waard it hûs aadlik bewenne; yn 1757 waard it ôfbrutsen. Dêrnei gie de namme oer op de pleats. Geografysk foarmen de state en de tsjerke ien kompleks: de tsjerke lei krekt bûten de bûtenste súdlike singel. De kadasterkaart fan 1823 toant it stinzeterrein mids in grêft, yn it noarden grinzjend oan in ek omgrêfte foarhôf, oanslutend lei yn it westen en suden de troch de bûtenste grêft omjûn bûtenhôf; yn 1718 wiene ek de yn it noardwesten oangrinzjende perselen by de bocht yn de Dokkumer Trekfeart troch singels mei it kompleks feriene.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ± 1463 Hedde Harkumma (?)
- ± 1500 Sicke Herckema bern
- oant 1536 Hilcke Herckema
- sûnt 1536 Claes Clant en Anna Harckema
- oant 1572 bern Clant
- sûnt 1572 Schelte Scheltema en Ursel van Harckema
- Tietke Scheltema, troud mei Wybren Roorda fan Ginnum
- 1640 bruorren Wopcke, Syds en Wybren Roorda
- 1653 – 1666 Feijo van Scheltema en Lucia fan Aylva (hierders)
- 1667 Frans fan Scheltema (eigener), Lucia fan Aylva en Epo fan Aylva (bewenners)
- erfgenamten fan Feijo fan Scheltema
- 1720 – 1725 Douwe Feyo fan Ayva (bewenner en 6/16 diel eigener)
- 1728 Juliana Dorothea fan Aylva, widdo Schratenbach (11/16 deel eigener)
- Barbara Elisabeth baronesse fan Schratenbach” en Justus Zeino Abel de Coninck, Hear fan Peize
- 1742 Justus Bartholomeus de Coninck
- 1748 Cornelis van Scheltinga en W.H. van Heemstra fan Schratenbach
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|