Claes Bockes Balck
Appearance
(Trochferwiisd fan Claas Bockes Balck)
Claes Bockes Balck (Ljouwert, doopt 29 july 1683 - dêre, 18 oktober 1748) wie stedstimmerman fan Ljouwert (1711).
Hy boude yn 1715 it Stedhûs fan Ljouwert, boude ek slûzen fan Dokkumer Nije Silen, by Ingwierrum, mei Willem Loré (1729) en yn de Koudumer slieperdyk (1732). Yn Ljouwert is in strjitte nei him ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Balck, Claes Bockes. |