Chris de Wagt
Chris de Wagt | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme | Chris de Wagt | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 19 maaie 1985 | |
berteplak | Snits | |
stjerdatum | 19 jannewaris 2020 | |
stjerplak | Snits | |
etnisiteit | Frysk | |
klupskiednis | ||
posysje | ferdigener | |
jeugdteams | ||
1997–2005 | SC Cambuur | |
profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
2005–2010 2010 |
SC Cambuur FC Oss |
100 (11) 14 (1) |
trainer by | ||
2017–2020 | SC It Hearrenfean (jongerein) |
Chris de Wagt (Snits, 19 maaie 1985 - dêre, 19 jannewaris 2020) wie in proffuotballer út de provinsje Fryslân.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 23-jierrige Chris de Wagt trochrûn by SK Cambuur Ljouwert de hiele jeugdoplieding en is op it stuit dwaande mei syn tredde jier as basisspiler. Hy foarme yn syn earste jier in hecht duo mei Koen Brack, dêr't er in soad fan opstuts.
De Wagt tekene yn april 2008 in nij kontrakt dat him oant 2010 by Cambuur hâlde sil. Hy einige syn wurkpaad as aktive fuotballer yn 2010 by Top-Oss, wêrnei't er noch fjouwer jier fuotballe yn it earste fan ONS.
Fan it seizoen 2015-2016 ôf oan wie die haadtrainer fan Olyphia mei as assistint Ronny Venema. Ein desimber 2015 ferlingde De Wagt syn kontrakt by Olyphia mei ien seizoen. Yn 2017 waard er op parttimebasis jeugdtrainer by SC It Hearrenfean. Nei in kampioenskip mei it beloftenteam krige er yn 2018 in fulltime oanstelling.
Yn de simmer fan 2018 waard bonkekanker by him fêststeld. Nei in wiidweidige behanneling die ein 2019 bliken dat er útbehannele wie. Yn jannewaris 2020 stoar Chris de Wagt oan de gefolgen fan de sykte. Hy waard 34 jier.
Karrière
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Seizoen | Klup | Wedstriden | Doelpunten | Kompetysje |
---|---|---|---|---|
2005/06 | SK Cambuur Ljouwert | 30 | 3 | Earste difyzje |
2006/07 | SK Cambuur Ljouwert | 34 | 4 | Earste difyzje |
2007/08 | SK Cambuur Ljouwert | 27 | 4 | Earste difyzje |
2008/09 | SK Cambuur Ljouwert | 0 | 0 | Earste difyzje |
2009/10 | SK Cambuur Ljouwert | 11 | 0 | Earste difyzje |
2009/10 | Top-Oss | 4 | 0 | Earste difyzje |
Totaal | 105 | 11 |
Bywurke oant en mei febrewaris 2010