Chris Froome

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Chris Froome
Olympic Rings black.svg sporter
Chris Froome (2013)
Chris Froome (2013)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Christopher Clive Froome
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
Flag of Kenya.svg Keniaansk
bertedatum 20 maaie 1985
berteplak Nairobi flagge fan Kenya
lingte 186 sm
gewicht 68 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Klimmer,
Tiidriden
O.S. Londen 2012,
Rio de Janeiro 2016
debút 2005
wichtige prestaasjes
Omgong fan Frankryk (2013, 2015-2017) (4x),
Omgong fan Itaalje (2018),
Omgong fan Spanje (2011, 2017) (2x),
Bronze medal icon.svg 2x brûns Olympyske Simmerspullen 2012 & 2016

Christopher Clive Froome OBE (Nairobi, 20 maaie 1985) is in Britsk-Keniaansk hurdfytser en wie fjouwer kear winner fan de Omgong fan Frankryk. Derneist wûn er ek ien kear sawol de Omgong fan Itaalje as de Omgong fan Spanje.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't er 22 jier wie waard Froome professional by Konica Minolta. Yn 2008 stapte er oer op Barloworld. Yn itselde jier ferhuze er nei Itaalje en gie te fytsen mei in Britske lisinsje. Yn 2010 stapte er oer nei Sky en waard al gau ien fan de wichtichste hurdfytsers fan de ploech. Froome bruts troch as klassemintsfytser by de Omgong fan Spanje fan 2011, dêr't er as twadde einige yn it algemien klassemint. Mar de einoerwinning yn de Omgong fan Spanje fan 2011 waard op 13 juny 2019 op namme fan Froome skreaun nei it skrassen fan de oarspronklike winner, Juan José Cobo, nei ûnregelmjittichheden yn syn biologysk paspoart. [1] Hy waard dermei efterôf de earste Britske hurdfytser dy't in Grutte Omgong wûn. Yn de Omgong fan Frankryk 2012, ried Froome as masterfeint foar Bradley Wiggins, dêr't Froome de sânde etappe by wûn en dêr't er by einige as twadde yn it einklassemint, efter Wiggins.

Syn earste omgong wêryn't Froome meardere etappen wûn wie de Omgong fan Oman yn 2013, folge troch oerwinningen yn it Ynternasjonaal Dykkritearium, de Omgong fan Romandië, it Critérium du Dauphiné en de Omgong fan Frankryk. Yn de Omgong fan Frankryk fan 2014 moast er nei meardere falpartijen ophâlde. Yn 2015 wûn er syn twadde Critérium du Dauphiné en syn twadde Omgong fan Frankryk. Hy wûn yn 2016 in tredde Omgong fan Frankryk en waard de earste man sûnt Miguel Induráin yn 1995 dy't syn titel mei sukses ferdigene. Hy wûn syn fjirde Omgong fan Frankryk yn 2017, folge troch opienfolgjende oerwinningen yn de Omgong fan Spanje 2017 en de Omgong fan Itaalje 2018, dy't syn earste oerwinningen yn beide omgongen wiene. Dy prestaasjes makken him de earste hurdfytser dy't alle trije de Grutte Omgong-winnerstruien op itselde stuit yn hannen hie sûnt Bernard Hinault yn 1983.

Yn syn karriêre hat Froome te krijen hân mei in rige fan beskuldigingen omreden it brûken fan doping. Yn 2019 lei in slim ûngelok yn de training foar it Critérium du Dauphiné de karriêre fan Froome stil, trochdat er talleaze bonken brutsen hie, wêrûnder syn bekken, bilbonke en fjouwer ribben. Hoewol't er deryn slagge better te wurden, en yn 2020 werom te kommen nei it peloton, wraksele er om syn âlde foarm werom te krijen. Hy ferliet Ineos ein 2020 om him oan te sluten by Israel.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chris Froome waard berne yn de Keniaanske haadstêd Nairobi as soan fan Britske âlden. Doe't er 14 jier wie ferhuze er nei Súd-Afrika. Froome is yn 2014 boaske mei de Súdafrikaanske fan Welsk komôf Michelle Cound. Hja hawwe twa bêrn en wenje yn Monako.

Dielnimming oan grutte omgongen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2008 - 84e;
  • 2012 - 2e; winner 7e etappe.
  • 2013 - Jersey yellow.svg 1e; winner 8ste, 15e en de 17de etappe.
  • 2014 - Net finisht
  • 2015 - Jersey yellow.svg 1e; winner 10e etappe.
  • 2016 - Jersey yellow.svg 1e; winner 8ste en de 18e etappe.
  • 2017 - Jersey yellow.svg 1e;
  • 2018 - 3e;
  • 2021 - 133e;
  • 2022 - Net finisht

Dielnimming oan de Omgong fan Spanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2011 - Jersey red.svg 1e; winner 17e etappe.
  • 2012 - 4e;
  • 2014 - 2e;
  • 2015 - Net finisht
  • 2016 - 2e; winner 11e en de 19e etappe.
  • 2017 - Jersey red.svg 1e; winner 9e en de 16e etappe.
  • 2020 - 98e;

Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2009 - 34e;
  • 2010 - Diskwalifisearre
  • 2018 - Jersey pink.svg 1e; winner 14e en de 19e etappe.

Ploegen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2005-2006 Hi-Q
  • 2007 Konica Minolta
  • 2008-2009 Barloworld
  • 2010-2019 Sky
  • 2019-020 Ineos
  • 2021- Israel

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: