Springe nei ynhâld

Miguel Induráin

Ut Wikipedy
Miguel Induráin
sporter
Miguel Induráin (2009)
Miguel Induráin (2009)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Miguel Induráin Larraya
bynamme La locomotora de Villava
nasjonaliteit Spaansk
bertedatum 16 july 1964
berteplak Villava
lingte 1,86 m
gewicht 74 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Tiidriden
O.S. Atlanta 1996
debút 1982
karriêre-ein 1996
wichtige prestaasjes
Omgong fan Frankryk (1991-1995),
Omgong fan Itaalje (1992-1993),
Wrâldkampioenskip Tiidriden (1995)
1x goud Olympyske Spullen 1996

Miguel Induráin Larraya (Villava, 16 july 1964) in eardere Spaansk hurdfytser en fiif kear winner fan de Omgong fan Frankryk. Hy is boppedat de earste en iennige hurdfytser dy't fiif oerwinningen behelle yn de Omgong fan Frankryk sûnder ûnderbrekking. Induráin sette dizze prestaasje del yn de jierren 1991 oant en mei 1995.

Miguel Induráin begûn syn profesjonele hurdfytskarriêre yn 1984 by de Reynolds-ploech dêr't er ek by de amateurploech riden hie. Yn 1985 ried er syn earste Omgong fan Frankryk en wie er inkelde dagen lieder yn de Omgong fan Spanje. Hy einige as earste yn de Tour de l'Avenir yn 1986. De jierren dêrnei ried er foaral as mastersfeint fan syn ploechgenoat Pedro Delgado.

Yn 1989 waard Indurain de earste Spaanske hurdfytser dy't Parys-Nice op syn namme skreau en wûn er syn earste etappe yn de Omgong fan Frankryk. Fan dat stuit ôf kaam syn karriêre yn in streamfersnelling. Yn 1990 wûn er ûnder oare de Clásica San Sebastián en hie al de giele trui yn Frankryk pakke kinnen as er net op syn kopman Delgado wachtsje moatten hie.

Yn 1991 wûn er syn earste Omgong fan Frankryk troch de giele trui nei in oanfal yn de Pyreneeën te feroverjen en ek noch twa tiidritten te winnen. Hy einige dat jier ek as twadde yn de Omgong fan Spanje en wûn brûns by de Wrâldkampioenskippen op de dyk.

Yn 1992 brocht Induráin sawol de Giro as de Tour op syn namme, in prestaasje dy't er it jier dêrnei werhelje soe. Dêrmei wie er de earste hurdfytser dy't de Giro én Tour yn ien seizoen, twa kear efterinoar wist te winnen. Fierder waard er yn 1992 kampioen fan Spanje op 'e dyk en wûn er sulver op it WK fan 1993.

It wrâldoererekôr ferbettere Induráin yn 1994, al rekke er dat koarte tiid letter alwer kwyt oan Tony Rominger. Dat jier einige er wer as earste yn de Omgong fan Frankryk, mar moast it yn de Omgong fan Itaalje ôflizze tsjin de Rus Jevgeni Berzin.

Yn 1995 wûn de yndertiid net te ferslaan achte Induráin syn fiifde en lêste Omgong fan Frankryk. Yn Duitama, Kolombia waard er wrâldkampioen tiidriden en einige yn'e dykwedstriid twadde efter in oare Spaanske hurdfytser Abraham Olano.

Yn 1996 kaam der in ein oan syn in rige fan oerwinningen yn de Omgong fan Frankryk. By in ynkoarte berchetappe fan dizze Omgong nei Sestriere koe er de foarste hurdfytsers net mear byhâlde. Dit koste him úteinlik de sechsde omgongoerwinning. Fierder moast Induráin yn de Omgong fan Spanje fan dat jier te betiid ôfstappe. Hy soe de Vuelta nea winne. Wol wûn er dat jier noch de Dauphiné Libéré en Olympysk goud op de yndividuele tiidrit.

Yn 1997 hold Miguel Induráin op mei profesjoneel hurdfytsen, nei hast 15 jier yn it profpeloton riden te hawwen. Miguel Induráin is eare mei in eigen hurdfytswedstriid, de Gran Premio Miguel Induráin, in wedstriid fan ien dei yn de Spaanske regio Navarra, dy 't alle jierren yn april oer in heuvelich parkoers ferriden wurdt.

Dielname oan grutte omgongen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Miguel Induráin yn 1993

Dielname oan de Omgong fan Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1985 - Net finisht
  • 1986 - Net finisht
  • 1987 - 97ste
  • 1988 - 47ste
  • 1989 - 17e; winner 9e etappe.
  • 1990 - 10e; winner 16e etappe.
  • 1991 - 1e; winner 8e en 21ste etappe.
  • 1992 - 1e; winner 3e en 22ste etappe.
  • 1993 - 1e; winner 10e en 19e etappe.
  • 1994 - 1e; winner 9e etappe.
  • 1995 - 1e; winner 8e en 19e etappe.
  • 1996 - 11e

Dielname oan de Omgong fan Spanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1985 - 84ste
  • 1986 - 92ste
  • 1987 - Net finisht
  • 1988 - Net finisht
  • 1989 - Net finisht
  • 1990 - 7e
  • 1996 - Net finisht

Dielname oan de Omgong fan Itaalje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1992 - 1e; winner 3e en 22ste etappe.
  • 1993 - 1e; winner 10e en 19e etappe.
  • 1994 - 3e
  • 1984-1989, Reynolds
  • 1990-1996, Banesto