Charles Kingsford Smith
Sir Charles Edward Kingsford Smith, Smithy (Brisbane, 9 febrewaris 1897 - boppe de Andamaanske See, 8 novimber 1935) wie in ferneamd Australysk loftfeartpionier. Yn 1928 wie er de earste dy't in transpasifyske flecht fan de Feriene Steaten nei Austraalje folbrocht. Ek makke er de earste flecht sûnder te stopjen oer it Australysk fêstelân en ûnder mear de earste (kommersjele) flechten tusken Austraalje en Nij-Seelân.
By syn besykjen syn faasjerekord tusken Ingelân en Austraalje te ferbetterjen ferdwûn er mei syn fleantúch boppe de Andamaanske See by Birma.[1]
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Charles Edward Kingsford Smith wie de fyfde fan sân bern fan William Charles Smith, in bankdirekteur, en Catherine Mary Kingsford. Fan 1903 oant 1907 wenne de hûshâlding yn Vancouver yn Kanada. Werom yn Austraalje gie er nei de St Andrew's Cathedral School yn Sydney. Dêrnei studearre er elektromeganika oan it Sydney Technical College fan 1911 oant 1912.[2]
Yn 1930 boaske er oan Mary Powell; sy krigen in soan.
Yn de tritiger jierren wie er lid fan de faksystyske Australyske organisaasje New Guard.[3]
Trans-Pasifyske flecht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 31 maaie 1928 om 8:54 oere, setten Kingsford Smith en syn ko-piloat Charles Ulm út Oakland wei ôf foar de earste trans-pasifyske flecht nei Austraalje. Syn Fokker F.VII/3m hie de namme Southern Cross (nei it Suderkrús).[4] Dat diene se yn trije etappes: sy fleagen fan Oakland nei Honolulu op Hawaï (27 oere en 25 minuten) , doe nei Suva, Fidzjy (34 oere en 30 minuten) en dêrnei nei Brisbane (20 oeren) dêr't se acht dagen letter lânen.
Keppelings om utenss
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Frederick Howard: Kingsford Smith, Sir Charles Edward Smith (1897 - 1935) op gutenberg.net.au)
- (in) Charles Kingsford Smith as fleanende aas
- (in) Charles Kingsford Smith op syn trans-Tasmaansk flechten
- (in) Charles Kingsford Smith (ôfbylden fan Smith en syn fleantúch, de Southern Cross
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|