Andamaanske See
Andamaanske See | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Birma, Tailân, Sumatra en de Andamanen en Nikobaren | |
lân | Birma Yndia Yndoneezje Tailân | |
koördinaten | 10° N 96° E | |
ûnderdiel fan | Yndyske Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 1.200 km | |
maks. breedte | 650 km | |
oerflak | 797.700 km² | |
djiptegemiddelde | 870 m | |
djipste punt | 4.198 m |
De Andamaanske See leit yn it súdeasten fan de Golf fan Bengalen, besuden Myanmar en westlik fan Tailân. De see is in diel fan de Yndyske Oseaan. Yn it westen wurdt de see begrinzge troch de eilannekloften fan 'e Andamanen en de Nikobaren, dy't beide ta Yndia hearre.
De see wurdt fanâlds brûkt foar fiskjen en ferfier fan goed tusken de oanswettende lannen. De eilannen en kraalriffen binne populêre toeristebestimmings. De fiskerij en de toeristeyndustry hawwe lykwols in tebekset hân troch de ierdskodding en tsûnamy fan 26 desimber 2004.
De grins tusken de tektoanyske Burmaplaat en Sûndaplaat rint rûchwei noard-súd troch de Andamaanske See sadat hjir in grutte seismologyske aktiviteit foarkomt. Der binne tal fan ierdskoddings yn de rin fan de tiid registrearre en yn els gefal seis dêrfan, dy yn 1797, 1833, 1861, 2004, 2005 en 2007, hiene in sterkte fan 8.4 of heger op de Skaal fan Richter. It Barreneilân, east fan Grut Andaman, hat de iennichste tige aktive fulkaan fan it Yndiaaske subkontinint.
De moessons fan Súdeast Aazje binne beskiedend foar it klimaat en de sâltens fan it wetter yn de Andamaanske See. De temperatueren lizze it hiele jier troch op sa'n 26/27 °C. De trochsneed temperatuer fan it oerflaktewetter is 26–28 °C yn febrewaris en 29 °C yn maaie; letter yn 't jier somtiids noch wat waarmer.