Springe nei ynhâld

Cees van Drongelen

Ut Wikipedy
Cees van Drongelen
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Van Drongelen by Kunst en Kitsch, 1992
Van Drongelen by Kunst en Kitsch, 1992
persoanlike bysûnderheden
echte nammeCornelis Pieter van Drongelen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne22 oktober 1936
berteplakDelft
stoarn20 maaie 2021 (84 jier)
stjerplakSoest
wurkpaad
wurksum asPresintator
mediumTelefyzje
wurksum byAVRO
bekend fanTussen Kunst en Kitsch
jierren aktyf19532002

Cees van Drongelen (Delft, 22 oktober 1936Soest, 20 maaie 2021) wie in Nederlânske radio- en telefyzjepresintator.

Van Drongelen syn karriêre begûn yn de jierren 1950 by de AVRO syn jeugdôfdieling Minjon. Fan 1958 ôf wied er purser by de KLM. Yn jannewaris 1963 waard er omropper by de Wrâldomrop.[1] Op de radio presintearre er fan 1964 ôf oan 1964 AVRO's Radiosjoernaal; syn debút op telefyzje wie by it aktualiteiteprogramma Televizier. Letter presintearre er ek programmas sa as AVRO's Sterrenslag en Jonge mensen op weg naar het concertpodium. It meast bekend waard er as presintator fan it programma Tussen Kunst & Kitsch, dat er ek betocht hie en dat er achtjin jier presintearre. Hy makke sa'n 250 ôfleveringen fan Tussen Kunst & Kitsch. Mei Liesbeth Brandt Corstius en Simone Wiegel presintearre er yn 1995 en 1996 it programma Kunst te kijk, dêr't eigentiidske keunstwurken yn ferlotte waarden.[2]

Yn syn frije tiid skreau Van Drongelen eroatyske limmeriks. Yn 1992 ferskynde de bondel "Een golvende Goeroe uit Bombay..." mei in stikmannich fan syn limmeriks.[3]

Cees van Drongelen gie yn 2002 mei pinsjoen en waard by Tussen Kunst & Kitsch opfolge troch Nelleke van der Krogt. Hy stoar yn 2021 yn de âldens fan 84 jier.[4]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jaap Cantor naar AVRO, Friese Koerier, 2 maart 1964 (fia Delpher).
  2. 'Kunst te kijk' probeert drempels te verlagen voor kopen kunstwerk, de Volkskrant, 24 oktober 1995 (fia Delpher).
  3. Cees van Drongelen zorgt voor frivole escapade, Limburgsch Dagblad, 22 desimber 1992 (fia Delpher).
  4. Familiebericht Gooi en Eemlander, 22 maaie 2021.