Carla Zijlstra

Ut Wikipedy
Carla Zijlstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Carla Johanna Zijlstra
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 15 maart 1969
berteplak Snits
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Tignes-Albertville 1992,
Lillehammer 1994,
Nagano 1998
debút 1989
karriêre-ein 1999
wichtige prestaasjes
1x goud NK Allround 1993, 1997
2x sulver NK Allround 1992
3x brûns NK Allround 1994, 1995, 1996

Carla Johanna Zijlstra (Snits, 15 maart 1969) is in earder Frysk reedrydster. Sûnt 16 maart 1997 wie se Nederlânsk rekôrhâldster op de 10 kilometer, mei in tiid fan 14.39,22 riden yn Calgary. Dizze tiid waard pas alve jier letter op 13 maart 2018 op It Hearrenfean ferbrutsen troch Carien Kleibeuker dy't 14.35,61 ried[1]

Carla die fiif kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, sân kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1992, 1994 en 1998). Sy behelle by dizze wedstriden gjin medaljes, sy waard al ien kear Nederlânsk allround kampioene.

Foar seizoen 1998/1999 waard Zijlstra net selektearre foar de kearnploech en makke har mei privee-trainer Johan Kasper ree foar de wedstriden. Dat seizoen riid se mei 7.05,94 in nij Nederlânsk rekôr op de 5 kilometer. In jier letter besleat se om har reedriidkarriêre te beëinigjen en har te rjochtsjen op har stúdzje ta Fysioterapeut. Se boaske mei de Australyske skyrinner Andy Evans mei wa't se twa bêrn hat. Yn novimber 2016 ferskynde har autobiografy Tussen hemel, ijs en aarde[2].

Persoanlike rekôrs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 41,74 13 febrewaris 1999 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
1000 meter 1.22,09 19 maart 1999 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
1500 meter 2.01,67 13 febrewaris 1999 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
3 km 4.10,63 27 maart 1998 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
5 km 7.05,94 21 novimber 1998 flagge fan Nederlân Thialf, It Hearrenfean
10 km 14.39,22 16 maart 1997 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier NK
Allround
NK
Ofstannen
EK
Allround
WK
Allround
WK
Ofstannen
Olympyske
Spullen
1989 9e 3 km, 12e
1990 6e 500 m, 17e
1500 m, 11e
3 km, 8e
5 km, 4e
1991 Brûns 10e 9e
1992 Sulver 500 m, 16e
1500 m, 5e
3 km, Sulver
5 km, Goud
8ste 10e 1500 m, 9e
3 km, 4e
5 km, 4e
1993 Goud 1500 m, Sulver
3 km, Goud
5 km, Goud
7e 7e
1994 Brûns 1500 m, Brûns
3 km, Goud
5 km, Goud
6e 1500 m, 22ste
3 km, 9e
5 km, 7e
1995 Brûns 1500 m, 11e
3 km, Goud
5 km, Goud
12e 8ste
1996 Brûns 11e 27ste 3 km, 7e
5 km, Sulver
1997 Sulver 7e 3 km, Brûns
5 km, Sulver
1998 4e 3 km, Sulver
5 km, Goud
3 km, 6e
5 km,Brûns
3 km, 9e
5 km, 6e
1999 8ste 1500 m, 9e
3 km, Sulver
5 km, Goud
3 km, 5e
5 km, 4e

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rekôrs op de 10 kilometer foar froulju wurde net offisjeel erkend troch de KNSB en de ISU.
  2. Friesch Dagblad, 1-12-2016, Zijlstra: tussen hemel, ijs en aarde
  • Wikipedy:NL