Springe nei ynhâld

Carien Kleibeuker

Ut Wikipedy
Carien Kleibeuker
Reedrider
Carien Kleibeuker (2016)
Carien Kleibeuker (2016)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeCarien Kleibeuker
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum12 maart 1978
berteplakRotterdam
lingte1.72 m
sportive ynformaasje
ûnderdielLangebaan,
Maratonriden
O.S.Turyn 2006,
Sotsjy 2014
debút1999
karriêre-ein2020
wichtige prestaasjes
1x brûns Olympyske Spullen 2014

Carien Kleibeuker (Rotterdam, 12 maart 1978) is in earder Nederlânsk hurdrydster. Se wie spesjalisearre op de lange ôfstannen, benammen de 5000 meter. Op de 10.000 meter hat se (2007) it Thialf-baanrekord: 14.39,76, mear as in heale sekonde stadiger as it nasjonale rekord fan Carla Zijlstra út 1997: 14.39,22.

Op ferskate toernoaien wist Kleibeuker sa no en dan de nasjonale top en dêrnei ek de Europeeske en wrâldtop te berikken. By de Nederlânske kampioenskippen per ôfstân yn Dimter yn 2000 helle Kleibeuker har oant dan ta ienige medaljle op in grut toernoai, se einige as tredde op de 5000 meter.

Seizoen 2005/2006

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei dizze prestaasje waard der net folle mear oer har fernom as it om opfallende prestaasjes gie. Oant se op 9 desimber 2005 op deselde 5000 meter winnaresse waard fan de B-groep by de World Cup. Hjirtroch krige se in nominaasje yn de oanrin nei de Olympyske Winterspullen 2006 yn Turyn. Om wis te wêzen fan kwalifikaasje moast Kleibeuker by de NK ôfstannen op It Hearrenfean by de earste trije einigje.

By dy NK ôfstannen 2006 (holden op 30 desimber 2005) slagge Kleibeuker yn har misje. Se einige net allinnich yn de top trije, mar wist de ôfstân winnend ôf te sluten. Allinnich Renate Groenewold, Gretha Smit en Moniek Kleinsman dy’t efterinoar twadde, tredde en fjirde waarden kamen noch wat yn de buert. Foar Groenewold en Smit levere dizze prestaasje teffens kwalifikaasje op, mar Moniek Kleinsman moast it dwaan mei har startbewiis op de 3000 meter dat se in pear dagen earder ôftwong.

Op de Olympyske Winterspullen 2006 helle se it 10e plak op de 5000 meter.

Nei in troch oertrening teloarstellend seizoen 2006/2007 makke Carien Kleibeuker op 31 july 2007 bekend te stopjen mei riden. Se ruile de iisbaan yn foar in karriêre as fysiotherapeute. Yn 2010 kaam Kleibeuker werom op it iis. Yn jannewaris 2020 naam Kleibeuker definityf ôfskied as reedrydster.

Persoanlike records

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
OfstânTiidDatumBaan
50043,4315 maart 2001Olympic Oval Calgary
10001.24,416 febrewaris 1999Baselga
15002.03,2816 maart 2001Olympic Oval Calgary
30004.08,0027 desimber 2013Thialf Hearrenfean
50006.57,3030 desimber 2013Thialf Hearrenfean
1000014.39,7624 maart 2006Thialf Hearrenfean
jier NK
Ofstannen
WK
Ofstannen
Olympyske
Spullen
2000Brûns 5000m4e 5000m
2001-2004
200511e 3000
5e 5000m
20069e 3000
Goud 5000m
10e 5000m
200710e 3000m
Brûns 5000m
201410e 3000m
Sulver 5000m
Boarnen, noaten en/as referinsjes: