Carl Sweezy

Ut Wikipedy
Carl Sweezy
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Carl Sweezy
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1881
berteplak by it Darlington Agintskip
   (Yndiaansk Territoarium)
stoarn 28 maaie 1953
stjerplak Lawton (Oklahoma)
etnisiteit Súdlik Arapaho
wurkpaad
wurksum as tekener, keunstskilder
medium kleurpotlead op papier
wetterferve op papier
oaljeferve op kanvas
jierren aktyf 18951953
offisjele webside
gjint

Carl Sweezy (by it Darlington Agintskip (Yndiaansk Territoarium), 1881Lawton (Oklahoma), 28 maaie 1953) wie in Amerikaansk tekener en keunstskilder fan etnysk Súdlik Arapaho-komôf. Hy skildere in protte yndividuële portretten, mar waard it bekendst troch syn ôfbyldings fan Yndiaanske seremoanjes en dûnsen.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sweezy waard yn 1881 berne yn 'e neite fan it Darlington Agintskip yn wat doe it Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat wie, yn it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma). Hy wie in Súdlike Arapaho, en syn Yndiaanske namme wie Wetten, wat "Swart" betsjut. Syn heit hiet fan Hinen Ba Se3, dat "Grutte Man" betsjut. De troep dêr't Sweezy ta hearde, jage doe't er lyts wie noch op bizons. In bekend sitaat fan him dêroer wie: "De wei fan it maïs, ûntdieken we, ferskilde fan 'e wei fan 'e bizon op mear manearen as dat lykfolwa, blanke of Yndiaan, beseft hie, en it foel de âlderein dreech om dy wei te learen."

Mei't Sweezy syn mem stoar doe't er noch in jong bern wie, waard er neitiid grutbrocht oan 'e minnistyske missyskoalle fan it Darlington Agintskip. Letter ferbleau er oan it Minnistyske Ynternaat, yn Halstead, yn 'e steat Kansas, en noch letter oan 'e Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle, yn Carlisle, yn Pennsylvania, en oan 'e Yndiaanske Lânbouskoalle fan Chilocco, benoarden Ponca City, yn it Yndiaanske Territoarium. In seizoen lang wie Sweezy in profesjoneel honkballer, en letter wurke er as in Yndiaansk plysjeman. Hoewol't er dêr nea lykfol hokker formeel ûnderwiis yn krige, hied er al fan bern ôf oan niget oan tekenjen en skilderjen. In wurknimmer op it Darlington Agintskip moedige him dêryn oan, troch him syn earste samling wetterfervekleuren te jaan.

In tekening fan Sweezy út 1904.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1895 hinne, doe't Sweezy fjirtjin jier wie, joech de Amerikaanske folkekundige James Mooney him opdracht om tsjin betelling tafrielen fan it tradisjonele Arapaho-libben foar him te skilderjen. Letter wurke Sweezy ek gear mei de antropolooch George Dorsey. Sweezy hie as keunstner in hege produksje, en gie troch mei skilderjen oant syn dea. Mids 1920-er jierren koed er him mei syn skilderijen ûnderhâlde.

Sweezy wurke meast yn wetterferve op papier of yn oaljeferve op kanvas. Fral yn syn iere jierren tekene er ek wol mei kleurpotlead op papier, en soms brûkte er hûsferve op hout. Hy wie de mentor fan 'e Sjajinske skilder W. Richard West sr. Hoewol't er in soad yndividuële portretten makke, waard Sweezy benammen bekend fan syn ôfbyldings fan Yndiaanske seremoanjes en dûnsen, soms mei wol fyftjin yndividuële figueren, dy't aksje en ferhaal ymplisearren.

Yn 1950 sei Sweezy oer syn kar fan ûnderwerp: "Mei dravende striidhynders, en fearren en banieren oan spearen en lânsen wapperjend yn 'e wyn, manlju mei de skylden en pylkekokers oer it skouder en op 'e heup, en froulju dy't harren manlju oarlochslieten tasongen; sa wol 'k leauwe dat in oarlochstroep dy't ôfsette of nei de oerwinning wer thús kaam, ien fan 'e moaiste dingen yn it libben west hawwe moat om te sjen. Al haw ik dat misse moatten, ik haw dochs it op ien nei bêste sjoen: ik haw de âlde krigers yn harren pronk sjoen en ik haw taharke wylst se harren ferhalen fertelden..."

Sweezy ûntwikkele ek in technyk, dy't letter troch oare Yndiaanske keunstners oernommen waard, om in gearkomste fan 'e Lânseigen Amerikaanske Tsjerke te skilderjen troch de flappen fan 'e tipy op te rôljen, sadat dielnimmers en seremoanje binnenyn de tinte sichtber waarden.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Carl Sweezy stoar op 28 maaie 1953 yn Lawton, yn wat doe Oklahoma wie, deunby syn berteplak. Hy waard 72 jier. Wurk fan sines is te besichtigjen yn û.m. it Natuerhistoarysk Museum fan Cleveland, it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken, it Sintrum foar de Skiednis fan Oklahoma, it Natuerhistoarysk Museum fan Oklahoma, it Nasjonaal Museum fan de Amerikaanske Yndiaan (ûnderdiel fan it Smithsonian Ynstitút) en yn 'e bibleteek fan 'e Universiteit fan Oklahoma.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.