Camminghastate (Arum)
Camminghastate stie besuden Arum yn de gemeente Wûnseradiel. Fan de state, dy't ek Hooghiemstra, Hooghuistra en Camminga neamd waard, is neat werom te finen.
De âldste fermelding is yn de Beschrijvinge van Friesland fan ± 1670: ...nu by den Ed. Heer Jr. Taco van Camminga, Grietman zynde bewoont. Yn it floreenkohier fan Wûnseradiel út 1700 stiet de State neamd ûnder nûmer FC1. Eigener is jr. Schelto fan Heemstra op Dronryp (nom. filiae). Ofwol, de dochters fan dy jonkhear wienen de eigeners. It goed is yn gebrûk by Tomas Tomas en beslacht 80 pûnsmiet; dit is sa'n 27 ha. Foar de state moat yn totaal fl. 38-7-6 betelle wurde.
Ut 1724 is in ôfbyld bewarre bleaun fan J. Stellingwerf. Op syn tekening binne twa eilannen te sjen. It earste eilân is fia in poartegebou berikber, mei fierderop twa bygebouwen. In ienfâldich brechje jout tagong ta it twadde eilân. Dêr steane allinnich trije tuorkes op, dy't mei in muorre mei elkoar ferbûn binne. Dêr is op út te meitsjen dat yn dat jier de state al ferdwûn wie.
Yn dat jier wie Jhr. Schelto fan Heemstra eigener, mar hy en syn famylje hawwe mooglik nea of in bytsje op de state wenne, omdat se in folle foarnamer optrekje hienen yn Dronryp: mooglik Dotingastate. Dronryp lei dan ek folle tichter by it provinsjale bestjoerssintrum Ljouwert.
It perseel dêr't de state op stie wurdt yn it kadaster neamd ûnder nûmer ARU.B.849. It is eigendom fan de erven Frans Julius Johan fan Eijsinga, dy't yn Langwar wenje. It persiel wurdt omskreaun as hôf. Dan is der ek noch de beskriuwing yn it Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa, dy't hy skreau tusken 1839 en 1851. De omskriuwing is: Zij draagt nog de kenmerken van haar vroeger aanzien, door eene deftige steenen poort en de grachten, waarvan zij omgeven is. Der is dan ek noch in boerepleats by. As eigeners wurde neamd: de erven C. C. van Eysinga.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1652 - ± 1670 jhr. Taco fan Cammingha
- foar 1700 jhr. Schelto fan Heemstra
- 1700 de bern fan jhr. Schelto fan Heemstra
- 1724 jhr. Schelto fan Heemstra (wenne yn Dronryp)
- ± 1770 Jan Sikkes Bangma (pachter)
- 1832 erven jhr. Frans Julius Johan van Eijsinga te Langwar
- ± 1840/50 de erven jhr. C.C. van Eijsinga
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|