Springe nei ynhâld

Byzantynsk Manljuskoar Fryslân

Ut Wikipedy
Byzantynsk Manljuskoar Fryslân
Byzantijns Mannenkoor Friesland
algemiene ynformaasje
ôfkoarting BMF
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd koar
fêstige yn Drachten (Fryslân)
oprjochte 2004
oprjochter 24 (2019)
offisjele webside
www.bmfdrachten.nl

It Byzantynsk Manljuskoar Fryslân (Nederlânsk en offisjeel: Byzantijns Mannenkoor Friesland) is in Frysk koar út Drachten. It waard yn 2004 oprjochte en telt anno 2019 24 leden, ôfkomstich út Fryslân, Grinslân en Drinte. Sûnt 2007 stiet it koar ûnder lieding fan diriginte Nana Tchikhinashvili, dy't hikke en tein is yn 'e Georgyske haadstêd Tbilisi en sûnt 1995 yn Nederlân wennet.

It rippertwaar fan it Byzantynsk Manljuskoar Fryslân bestiet foar it meastepart út liturgyske gesangen út 'e Eastersk-otterdokse tradysje, benammen dy fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. Dêropta bringt it koar ek folksferskes út East-Jeropa te'n gehoare. It Byzantynsk Manljuskoar Fryslân sjongt altyd à capella, om't neffens de Eastersk-otterdokse tradysje de lieten dy't songen wurde ûnder de earetsjinst in wjerklang wêze moatte fan it sjongen fan 'e ingels yn 'e himel (dy't gjin muzykynstruminten brûke). Foar de folksferskes giet soks net op, mar dêrfoar makket it koar likemin gebrûk fan ynstrumintele begelieding.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ——, Byzantijns Mannenkoor Friesland in d' Alde Wite Dronryp, yn: van Wad tot Stad, 5 febrewaris 2019, s. 15.
  • ——, Koor in d' Alde Wite, yn: de Frjentsjerter Krante, 6 febrewaris 2019, s. 21.