Byrsa

Ut Wikipedy
In kaart fan Kartago út 1844 mei yn it midden de Byrsa

Byrsa is in heuvel yn de âlde stêd Kartago, dêr't yn de âldheid in sitadel op stie.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Byrsa komt mooglik fan it Fenisyske wurd brt, dat sitadel betsjut, mar it kin ek ôflaat wêze fan it Semityske wurd *bostra, dat "steile helling" betsjut.

Neffens in leginde soe Dido Kartago stifte hawwe op Byrsa yn de grutte fan in hiele oksehûd. Dat ferhaal is nei alle gedachten folle letter optocht, mar it Aldgrykske wurd foar "oksehûd" is byrsa (βυρσα), en klinkt itselde as "Byrsa". It is dus mooglik dat it ferhaal fan de leginde ôflaat waard fan de namme fan de heuvel.

Stifting fan Kartago[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kartago waard neffens de oerlevering yn 814 f.Kr. stifte troch de Fenysjers. Neffens de leginde, lykas dy troch de skriuwer Pompejus Trogus skreaun waard, waard de stêd troch de út Tyrus wei flechtsjende prinsesse Dido stifte. Op de noardafrikaanske kust waarden Dido en har folgelingen wolkom hjitten troch de Numidyske kening Hiarbas. Hja frege him om in stikje lân en krige dy yn de grutte fan ien hiele oksehûd. Dido snie de hûd yn tige tine stripen en lei dy efterinoar oan om de gânse heuvel hinne. Op dy heuvel boude se de Kartaachske sitadel, it sintrum fan Qart-Hadasht, dat Punysk foar "nije stêd" betsjut. Neffens de Aeneis fan Fergilius út de Romeinske mytology flechte de Trojaanske held Aeneas nei Kartago. Fergilius omskriuwt Kartago as in stêd mei in sterke ommuorre sitadel, de befluorre strjitten, de haven, it teäter, en yn it midden fan de stêd in hillich bosk mei de grutte timpel fan Tanit, dy't yn de Latynske foarm Juno Caelestis hiet, dy't de beskermgoadinne fan de stêd wie. Dido rekke fereale mei Aeneas, mar doe't er letter nei Latium yn Itaalje ferfear, waard Dido tige drôvich en stuts se harsels dea op in brânsteapel dy't dêrnei oanstutsen waard.

Yn de werklikheid hiene de Fenysjers nei alle gedachten al earder kontakt mei de Numydjers. Doe't de Fenysjers oan de kust fan it hjoeddeistige Tuneezje oankamen, kaam it de Numydjers yn it sin dat de stifting fan in Fenisyske hannelspost harren ek in grut foardiel jaan koe. Sadwaande joegen se de Fenysjers tastimming en stiftsje in koloanje op harren gebiet.

Opkomst en neigean fan Kartago[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Punyske nekropolis op Byrsa

Kartago ûntjoech him ta in woltierige hannelstêd. Fan Byrsa ôf woeks de stêd út nei it suden en easten oant de Middellânske See. It tichtst befolkte part fan Kartago lei om de Kartaachske havens hinne. Op de súdkant fan Byrsa wie in grutte nekropolis.

Yn 146 f.Kr. oan de ein fan de Tredde Punyske Oarloch, waard Kartago nei in belis fan krapoan fjouwer jier troch de Romeinske generaal Skipio Aemilianus ynnommen. De befolking waard foar it grutste part fermoarde of ta slaaf makke en de stêd waard folslein ferwoastge. Ynearsten mocht der neat mear op de ruïnen fan Kartago boud wurde, mar ûnder Julius Caesar en keizer Augustus waard de stêd as Romeinsk Kartago fannijs alhiel opboud. De top fan Byrsa waard lykmakke, dêr't der troch hjoed-de-dei gjin rêsten fan de Punyske gebouwen mear bestean. De Romeinen leine op de heuvel in foarum mei in foarplein fan 13.000 m² oan mei timpels, rjochtsgebouwen en in argyfgebou.

Lettere tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1884 en 1890, ûnder Frânsk bestjoer, waard op Byrsa de Katedraal fan Sint-Louis fan Kartago boud. De tsjerke waard nei de ûnôfhinklikens fan Tuneezje troch de oerheid oernommen en de earetsjinst koe dêr net mear holden wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Charles Krahmalkov - The Foundation Date of Carthage, 814 B.C., The Douimes Pendant Inscription, Journal of Semitic Studies 26 (1981), 177-91
  • Markus Junianius Justinus - Epitome, XVIII: 6 - úttreksel fan Historiae Philippicae fan Pompejus Trogus (Ingelske oersetting)
  • Fergilius - Aeneis, sang I-IV (Nederlânske oersetting)
  • María Eugenia Aubet, The Phoenicians and the West: Politics, Colonies, and Trade, 2de printinge, oerset út it Spaansk troch Mary Turton, Cambridge: Cambridge University Press, 2001, side 216; Spaanske ferzje: Tiro y las colonias fenicias de Occidente, Bellaterra, 1987 (2de druk, 1994).
  • Werner Huss, ‘Der Name der Byrsa von Karthago’, Klio, 1982, nr. LXIV, 1982, siden 403–406.