Bolleriden

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bullriding)
Bolleriden.

Bolleriden, of yn it Ingelsk bull riding, is in rodeosport wêrby't de dielnimmers op in bolle klimme en besykje om op it bist sitten te bliuwen wylst de bolle har derôf besiket te bokken. Yn 'e Amerikaanske tradysje moat de berider acht folle sekonden op 'e bokkende bolle sitten bliuwe om net diskwalifisearre te wurden. Dêrby hâld er him mei ien hân fêst oan in lang flochten tou dat de bolle om 'e boarstkas hinne sit. De oare hân hâldt de berider omheech, boppe syn holle. Bolleriden is in tige riskante sport, dy't de berider geregeldwei brutsen bonken opleveret en wêrby't net selden deaden falle. It wurdt dêrom wol "de gefaarlikste acht sekonden yn 'e sport" neamd. Behalven yn 'e Feriene Steaten bestiet bolleriden as sport (mei faak justjes ôfwikende regels) ek yn Kanada, Meksiko, Gûatemala, El Salvador, Hondoeras, Nikaragûa, Hondoeras, Kosta Rika, Panama, Brazylje, Argentynje, Austraalje en Nij-Seelân. Yn Nederlân, it Feriene Keninkryk en de measte oare Jeropeeske lannen is bolleriden ferbean.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bolleriden hat syn woartels yn de charreada, de Meksikaanske wedstriden oangeande rutersport en feedriuwersfeardichheden. Oarspronklik wie it in fariant fan it bollegefjocht, wêrby't de dielnimmers de bolle letterlik dearieden, mar letter ûntjoech it him ta in dierfreonliker foarm, wêrby't de bolle ienfâldichwei beriden waard oant er ophold mei syn besykjen om 'e ruter ôf te smiten. Tsjin 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw wie de charreada tige populêr yn it feehâldersgebiet fan Teksas en Kalifornje, en doe't har dêr fan dy tiid ôf almar mear blanke Amerikaanske kolonisten fêstigen, namen dy it bolleriden oer.

Bolleriden op 'e Calgary Stampede, mei rjochts fan 'e bolle in rodeoclown.

Yn 1852 waard it earste bollegefjocht foar Amerikanen yn Teksas organisearre troch H.L. Kenney, in feeboer en earder Texas Ranger. Dat barren omfieme ek in jaripeo- of bolleriidwestryd, dêr't alhiel yn New Orleans oer yn 'e kranten berjochte waard. It bolleriden wie yn dy tiid noch in bykomstichheid njonken it bollegefjocht, mar yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ûntstie der yn 'e Feriene Steaten in ôfkear fan bloedsporten, en yn 1891 waarden bollegefjochten troch it Steatskongres fan Teksas ferbean. Yn dyselde snuorje kamen de earste rodeo's op, en as gefolch fan dy beide ûntwikkelings waard it bolleriden doe opnommen yn 'e rodeo, dy't yn 't earstoan eins mear op hynsterydkapasiteiten konsintrearre wie.

Bolleriden waard pas populêr doe't yn 'e 1930-er jierren foar it earst bollen fan it Yndyske koweras de brachmaan brûkt waarden, dy't folle agressiver wiene as de Texas longhorn-bollen, dy't earder brûkt wiene. Fan dy tiid ôf ûntwikkele it bolleriden him ta it wichtichste (want spektakulêrste) rodeo-evenemint. De earste rodeo mei brachmanen fûn plak yn 1935, yn Columbia, yn de Amerikaanske steat Mississippy.

Organisaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1936 waard de Rodeo Cowboy Association (RCA) foarme, dy't letter omneamd wurde soe ta de Professional Rodeo Cowboy Assocation (PRCA). Dy feriening organisearret sûnt hûnderten rodeo's yn 't jier, wat makke hat dat goede rodeocowboy's no fan harren prestaasjes yn it rodeosirkwy bestean kinne. Los fan 'e PRCA binne der no ek twa organisaasjes yn 'e Feriene Steaten dy't har talizze op it promoatsjen en organisearjen fan eveneminten dy't poer en allinne op bolleriden talein binne: it Championship Bull Riding (CBR) en de Professional Bull Riders (PBR).

In bolle mei in flank strap om, dy't dúdlik net tusken de efterpoaten trochrint.

It CBR toeret troch de hiele Feriene Steaten en de wichtichste wedstriden, wêrûnder it CBR-wrâldkampioenskip dat elts jier holden wurdt ûnder de Cheyenne Frontier Days, wurde útstjoerd op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder Fox Sports Network. De PBR organisearret bolleriideveneminten yn 'e Feriene Steaten, mar ek yn Kanada, Meksiko, Brazylje en Austraalje. De jierlikse PBR-wrâldfinale wurdt holden yn Las Vegas en útstjoerd op 'e stjoerder CBS

Bisterjochten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bolleriden hat yn Noard-Amearika sterke wjerstân krigen fan aktivisten op it mêd fan bistebeskerming en bisterjochten, dy't úthâlde dat it delkomt op in foarm fan bistemishanneling. Sa soe de bollen by it bolleriden in flank strap ombûn wurde, in tou dat strak oer de testikels hinne rinne soe om de bollen lulk te meitsjen. Dat is lykwols net wier en, sterker noch, anatomysk ûnmooglik, mei't de testikels tusken de efterpoaten sitte en de flank strap dus tusken de poaten lâns rinne moatte soe om by de testikels yn 'e buert te kommen, wat dúdlik net sa is. Yn wurklikheid wurdt de flank strap loskes om it ûnderlichem fan 'e bolle lein en beslist net oer de testikels, want dan soe it bist him net mear bewege wolle. Oan 'e oare kant is it wier dat de flank strap bedoeld is om 'e bolle lulk te meitsjen; hy wurdt yn 'e opstapkoai troch in begelieder strak lutsen foar't de bolle mei syn berider loslitten wurdt. De flank strap docht gjin sear, mar yrritearret it bist, dat dêrom trochgiet mei omspringen en bokken oant it tou wer losser sit, ek al is de berider al ôfsmiten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.