Buffelkopein

Ut Wikipedy
buffelkopein

jerkje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai rinkeleinen (Bucephala)
soarte
Bucephala clangula
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     trekfûgel

     stânfûgel
     wintergast


De buffelkopein (Bucephala albeola) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De soarte komt allinne yn Noard-Amearika foar. De buffelkopein is oan 'e rinkelein besibbe en hat dêr ek in soad fan, mar is in stik lytser en likernôch like grut as in piiptsjilling.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jerk.

Mei in lingte fan 33 oant 40 sm en in gewicht fan 330 oant 450 gram heart de buffelkopein ta de lytse einen. Jerkjes binne wat sterker boud as wyfkes en hawwe op harren rêch in swart fearrekleed en binne op 'e flanken, búk en stút wyt. It kopke hat boppe en oan 'e foarkant en om 'e hiele hals irisearjende swarte fearkes, dy't ôfhinklik fan it ljocht pears en grien glânzgje. De fearkes fan it efterdiel en de sydkanten fan 'e kop binne wyt. De snaffel is ljochtgriis mei in swarte punt, de iris donkerbrún.

Fleanende wyfkes.

Wyfkes binne minder opfallend yn 'e fearren as jerkjes. Se hawwe in brúngrize rêch, grize flanken en in ljochtgrize búk en boarst mei op 'e wjukken in pear helderwite fearren. De kop fan it wyfke is brún mei in op 'e wangen ûnder it each begjinnende horizontale wite flek. De snaffel en iris lykje op dy fan it jerkje, mar de snaffel liket faak krekt wat donkerder.

Juvenilen lykje op 'e folwoeksen wyfkes, mar hawwe oer it generaal wat mear brune fearren en in folle lytsere wite flek op 'e wangen fan harren kopke.

De poaten fan 'e buffelkopein binne oranjerôze en sitte minder fier yn it efterse diel fan it bealchje as de oare einen yn it skaai. De koarte en wide sturt wurdt brûkt by stjoeren as de ein dûkt.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Buffelkopeinen briede simmerdeis yn it noardlike binnenlân fan it Noard-Amerikaanske kontinint. Dan is de fûgel te sjen yn Sintraal-Alaska, yn 'e Noardwestlike Territoaria, yn 'e kontreien fan 'e Yukon oant yn it noarden fan Kebek. Los fan Alaska briedt de buffelkopein allinne yn it noardwesten fan in pear Amearikaanske staten.

Winterdeis is de fûgel te sjen oan 'e hiele kust fan de Feriene Steaten, fral by mûnings fan rivieren, westlik Kanada en it suden fan Alaska. Ek is de fûgel yn it binnenlân op iisfrije marren fan it suden fan 'e Feriene Steaten en Meksiko te sjen.

Nêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aaikes fan 'e buffelkopeinen.

Tusken april en maaie begjint it brieden. De einen lizze 5 oant 12 aaien yn in holte tichteby wetter, fakentiden yn in holte fan spjochten. De aaien komme tusken de 29 en 31 dagen út en it dûns fan 'e piken is dan fan boppe brún en fan ûnder wyt. Nei 50 oant 55 dagen kinne se fleane.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Buffelkopeinen ite wringeleaze dierkes dy't se by it dûken fange, oanfolle mei plantaardich guod en sied. Lytse fisken wurden selden iten.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De populaasje wurdt op 1.300.000 yndividuën rûsd. Se ha in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet mei in tanimmende trend en wurde troch IUCN as net bedrige beskôge (2024).[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Büffelkopfente