Springe nei ynhâld

Brouwerij de Kroon op Leeuwarden

Ut Wikipedy

Brouwerij de Kroon op Leeuwarden is in bierbrouwerij yn Ljouwert en is oprjochte yn 2014 troch Ulco de Jong.

Yn 2015 hat de brouwerij Huisbier.com lansearre, in inisjatyf mei de fokus op de ûntwikkeling fan húsbieren. De brouwerij hat yn de rin fan de jierren prizen wûn mei eigen bieren, mar ek mei bieren dy't hja yn opdracht broud ha.

  • Rosemary Porter wûn yn 2015 de titel Lekkerste huisbier van Nederland yn de kategory swier bier
  • Kammeraat is yn 2016 troch de World Beer Awards útroppen ta bêste stout fan Nederlân
  • Chef Mike helle yn 2017 it twadde plak by de ferkiezing fan it lekkerste húsbier fan Nederlân

Under it konsept Bierconsepten kinne persoanen en bedriuwen harren eigen bier ûntwikkelje. Dêrnei wurde de bieren broud by oare brouwerijen.

Foarbylden fan dizze konstruksje binne:

  • Chef Mike - Zeevenkel Blond: yn opdracht fan Restaurant De Waard van Dokkum yn Dokkum
  • Wad Wit - wytbier mei seewier: yn opdracht fan Brouwerij Bonifatius 754 yn Dokkum
  • Skeef - fjouwer nôten bier: yn opdracht fan Drankenspeciaalzaak Jelle yn Ljouwert
  • Witte Rus - wytbier: yn opdracht fan Café De Rus yn Ljouwert
  • Knilles IPA - kofje IPA: yn opdracht fan Hotel en Grand Café Post Plaza yn Ljouwert
  • Acht Guldens - quadrupel: yn opdracht fan Brouwerij Bonifatius 754 yn Dokkum
  • Maerte Saison - saison: yn opdracht fan Brouwerij Bonifatius 754 yn Dokkum
  • Beck-Aff Brouw - fjouwer nôten Weizen: yn opdracht fan Hotel Restaurant Lunia yn Aldeberkeap
  • Rosemary Porter - porter yn opdracht fan Paddy O'Ryan yn Ljouwert
  • Klimroos Tripel - tripel yn opdracht fan In de Brouwerij yn Ljouwert

Ulco de Jong ûntwikkelet resepten foar 11Stijlenbier, in inisjatyf fan Ljouwerter ûndernimmers dy't omtinken jaan wolle oan de rykheid fan bierstilen en oan typyske Fryske lekkernijen. De bieren wurde broud by Brouwerij Dockum.

  • Sûkerbôle - tripel
  • Frisse Drûge Woarst - wytbier
  • Sûkerlatte - blûn
  • Hoppy Oranjekoeke - IPA
  • Swiete Swiere - brousel fan ien kear (500 fleskes)
  • Cambier - Zwaar Blond
  • Kammeraat - Russian Imperial Stout
  • Stoutzen - Stout
  • Liwwadder Troebel Oebele - Quadrupel
  • Ferwerter blond - foar Bed & Breakfast Kroon van Marijn yn Ferwert
  • Ferwerter Gerstebier - foar Bed & Breakfast Kroon van Marijn yn Ferwert

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]